Blog
Janneke de Boer: Diggelfaaiers

Wannear’t ús famke en ik nei bûten ta rinne, lizze der allegear diggels op ús fytsrûte. In bierfleske, wêr komt dat no ynienen wei?

Lykas alle woansdeis is it allegear drokte yn it doarpshûs, út de bijkeuken helje ik it feger en blik. Us famke it blik en ik de feger. Tegearre romje wy de diggels op; ,,Sa! Mei ús allen hâlde wy it hjir skjin,” sis ik tsjin har en se glimket om myn komplimint. Wylst ik it sis, tink ik oan de -benammen- âldere mannen dy’t dit terrein al jierrenlang skjinhâlde. Túch wurdt wjudde, peuken oppakt en diggels fage.

In hoartsje letter, de diggelfaaiers alwer fergetten, sprekt in bekende my oan by de doaskes aaien yn de pleatslike winkel; ,,Hiest it al heard? Dy-en-dy hat dat-en-dat hûs kocht.”

Nee, dat hie ik noch net heard fia de tamtam. In koart praatsje folget, de nije ynwenners binne gesellich en leuk, skynt. Moai, tink ik by mysels en reagearje mei: ,,Dat is fijn, nije jonge doarpsminsken,” en folje dit oan mei de opmerking dat hja harren grif foar it doarp ynsette sille. In pear freegjende eagen binne it antwurd.

Allegear leuk en aardich; gesellige buorlju, in moaie freoneploech en nije merkefierders. Mar in trochsneed Frysk doarp hat neat oan nije, leuke ynwenners. Der is mear foar noadich om in doarp leefber te hâlden. As wy allegearre in drankje dwaan wolle wilens de merke, moat immen it wol organisearje. As wy allegearre oan mindfulness dwaan wolle yn it multikulturiel sintrum, moat it gebou al ûnderhâlden wurde. Dan kinst wol in drokke baan en in ambisjeus gesin hawwe of oan mindfulness dwaan; Meiïnoar meitsje je wenplak leefber. Meiïnoar hâlde je it doarp libben en meiïnoar soargje je foar in échte mienskip.

Ik sil dy diggelfaaiers ynkoarten dochs marris betankje.

That’s how we roll it, hjir yn Fryslân.

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone