Janneke de Boer: Duorsume mienskip

Door 10 juli 2017Blog

Duorsum wenje, duorsum ride, duorsum ite: We ûntkomme der net mear oan. In duorsum libben en in bettere wrâld foar ús neiteam binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn. De ûntsjinkearbere groei én driuw nei wolfeart fan it minskdom bringt al wat kwetsber is yn de ferdrukking. Tropyske bosken wurde ynruile foar soja en palmen, fisk en fûgel spile oan mei de mage fol plestik en, tichterby hûs, hâlde wy ynsekten lykas as bijen fier fan hûs en hiem troch skutten te setten en tegels te lizzen yn ús tún.

Kin de ierde alle minsken wol te iten jaan? Is der genôch enerzjy foar ús allegear? Oft it no om in tekoart oan drinkwetter, iten of enerzjy giet, eltsenien hat dermei te krijen as sil der mei te meitsjen krije. De lêste kear dat Vitens warskôge foar in tekoart oan drinkwetter stiet my yn alle gefallen noch farsk yn it ûnthâld.

Ien fan de spearpunten fan Doarpswurk is duorsumens, benammen op lokaal nivo. In protte lytskes meitsje ommers ien grutte: Fan ûnderop Fryslân, Nederlân en sels de wrâld griener meitsje. Om dyn eigen mienskip griener te meitsjen kinst best begjinne by dyn doarpshûs of kultureel sintrum. Brûk LED ferljochting, lis sinnepanielen op it dak, betsjinje de termostaat op ôfstân en set de kachel in graadsje leger wannear’t dit kin. Slút jim oan by de pilot ‘Doarpshuzen mei in Duorsume Takomst’ of sykje kontakt mei ‘Netwerk Duurzame Dorpen’. Eendracht maakt macht, wol ik mar sizze; gearwurkje is leuker, effisjinter en boppedat berikst tegearre faaks mear dan yn dyn ientsje.

By LF2018 neame se soks ek wol glocal goals. In bytsje gelikte beneaming wat safolle betsjut as it dwaande wêze mei grutte wrâldproblemen troch te begjinnen mei in lyts stikje fan de puzel. En dat is no krekt wat Doarpswurk mei har beide earder neamde inisjativen ek berikke wol: Hyltyd mear doarpen wurkje litte oan in mear duorsume omjouwing, in mear duorsume mienskip. Sa hoecht men net alle kearen it tsjil opnij út te finen en dat is best wol handich.

 

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone

Laat een reactie achter