Janneke de Boer: De muzyk giet troch de buorren

Janneke de Boer: De muzyk giet troch de buorren

22 febrewaris 2018


It Korps yn Fryslân is goed foar 198 ferienings en mar leafst 7316 muzikanten, wêrfan 1838 leden jonger dan sechttjin jier. (Foar it gemak brûk ik hjir de sammelnamme It Korps foar al ús Fryske fanfares, harmonyen, brassbands, blaaskapellen en ferjit de color guards en de show-, percussion- en malletbands net)

Fan Appelskea oant Warkum, fan Lemmer oant Skiermûntseach en fan Looft den Heere oant De Vrije Fries; Fryslân stiet bol fan de amateurmuzykferienings. It Korps hat yn in protte gefallen al mear dan in ieu plak yn de pleatslike mienskip. Krysttsjinsten, kuiertochten, doarps- en Oranjefeesten, keatspartijen, rommelmerken, sinteklaasoptochten; It Korps is der altyd by. Hyltyd faker ek mei in orizjineel konsept, temakonserten yn fol ornaat, kompleet mei oanklaaide feestsealen en fernijende ideeën. Boppedat sitte tusken dizze Fryske ferienings ek in hantsjefol Wrâldkampioenen.

Dochs is It Korps tsjintwurdich it wat ondergeschoven kindje binnen de Fryske kultuersektor. It is in wrâld op sich, mei eigen tradysjes en mei foar in bûtensteander wûnderlike toeterwedstriden yn noch apartere pakjes. Guon amateurmuzykferienings in tikje âlderwetsk ek, fêstruske yn âlde patroanen en gjin each foar fernijing. Dy sitte der hjir, sa as oeral, ek tusken. Spitich, mar dy lêsten hawwe lokkigernôch net de oerhân.

Lang hie ik it idee dat binnen it grutte LF2018 gjin plak wie foar It Korps. Neat is minder wier. It Korps rint ek yn 2018 mei yn ‘e optocht, ûnder oare by; de iepening, Never Ending Orchestra, Birds, Brass & Dance, At the Watergate, Grutsk en Under de Toer (Lûd fan de Middelsee).

Semint
In blik op Wikipedia leart dat der yn Fryslân sa’n 171 foutbalferienings binne, wêrby’t it wykeins draait om belutsen frijwilligers, teamprestaasjes en sport. Kinst wol neigean dat it der by dy 198 muzykferienings net oars op en ta giet. Spesifyk Fryslân hat in grutte en lange amateurmuzykskiednis. Desennialang draaiden de seizoenen om korps en koar. De âldere ferienings hawwe meastentiids in dúdlike ûntsteansskiednis, faakris Kristlik mar likegoed read.

Foar wa’t net (mear) krekt wit wat read betsjut: Tradysjoneel sjoen wurdt read altyd assosearre mei sosjalistyske of sosjaaldemokratyske partijen, dy’t altyd in grutte oanhing ûnder de arbeiders hiene. Koartsein, read is de kleur fan de arbeider.

Read of Kristlik; de namme fan It Korps ferried meastentiids syn eigen skiednis. Tsjintwurdich fynst binnen de measte amateurmuzykferienings de skeidslinen en zuilen fan doe net mear werom. Net feroare is it plak yn de mienskip; korpsen binne it semint fan de mienskip. Al brokkelet it hjir en dêr wol wat ôf, dat semint.

Leden lizze, noch altyd, harren hiele hawwen en hâlden yn de muzyk. Foarmje in hechte mienskip. Belibje in protte mei-inoar. Steane klear foar elkoar at it der ta docht. Konkoersen, festivals, konserten mar benammen ek berte, trou en rou. Leden binne ûnderdiel fan in grutter gehiel en prestearje as team. Unbegryplik en âlderwetsk miskien ast dit fenomeen net kenst. Hiel weardefol en ûnmísber foar harren dy’t it mei elkoar diele.

Ik hoopje fanút myn teannen dat It Korps de kommende fyftich jier it semint bliuwt yn ál dy buorskippen, doarpen en stêden.

Dêr is gjin legacy foar noadich, mar leafde, tawijing, fernijing, ynset en passy foar wat de Friezen al sûnt ein 1800 sá sterk ferbynt.

It muzyk giet troch de buorren
It is allegearre folk
Rom-bom-bom, rom-bom-bom slacht de tromme
Dêr begjint it al:
“Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!”
Alle jonges, alle famkes
Sjonge mei. ‘t Is in lust,
Hast ús hiele lytse doarpke dat is op ‘en baan!
(1950 – Paulus Folkertsma)

Muzyk makket lokkich, muzyk makket slim, muzyk bout freonskippen, muzyk jout foldwaning. Want sis no sels, sûnder it muzyk troch de buorren is it libben in stik minder feestlik.

Boarne 1: Vaders Fanfare, Moeders Koor (Bert van Nieuwenhuizen)
Boarne 2: www.omfryslan.nl (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân)
Boarne 3: Limburg in Beeld – Harmonie- en Fanfareorkesten (Limburgse Bond van Muziekgezelschappen)
Boarne 4: www.paulusfolkertsma.nl

Foto korps: Christelijke muziekvereniging ‘Excelsior’ te Nijland.

Deel dit bericht: