Janneke de Boer: Moaie Mienskip

Janneke de Boer: Moaie Mienskip

27 maaie 2019


Moaie ferhalen, moaie minsken; at je goed sjogge, fine je se oeral. Frijwilligers, mantelsoargers, karakteristike doarpsminsken, foaroprinners, neibeskôgers en gean sa mar troch. Net inkeld op de doarpen fansels, likegoed yn `e stêd.
Moaie ferhalen hear ik sa no en dan, mar meastentiids wurdt der gewoan oer swijt.

We hienen in drok wykein hân op ús doarp; muzikanten, perklizzers, sjongers, barfrijwilligers, opbouwers, ôfbrekkers, bierdrinkers – alles en eltsenien wie sawat yn ’t spier. Doe’t de barman rôp “De laatste ronde”, luts immen my oan `e mouwe en sei: “At de opname klear is, moat dy al eefkes nei K.” Myn ‘hoe sa dat dan?’ ferstomme rillegau, de opnames fan it wykein fol muzyk moasten nei in sike doarpsbewenner, net by steat sels te kommen. Dyselde K. soe it der bringe.
Troch dit soartefan lytse attinsjes wurdt it libben moaier. Je nimme der sels miskien net altyd de tiid foar [ik betraapje mysels dêr yn alle gefallen wol op…] mar wat kinne je in protte goed dwaan mei in lytse hanneling.

Ik nim mysels gauris foar om soks sels ek mear te dwaan, dochs eefkes de kofje klearsette foar de frijwilligers, dochs eefkes hearre hoe’t it giet mei de frijwillige wurksumheden. Each en ear foar dyjinge dy’t der ferlet fan hat; in hân op it skouder, wat farske griente by de efterdoar, in waarm miel iten bringe, in pear tellen op buorfrou har bern passe. Sá ienfâldich en prachtich dat soks dien wurdt.
Spitigernôch bin ik sels faakris sa djip [op myn manier] yn tinzen, dat it my freeslik ûntsjit. Dy farske griente bygelyks, dy bringt ús buorman S. simmerdeis gauris. Sa ferrekte spitich dat ik him lang net alle kearen tank sis, eat wat er warskynlik ek hielendal net ferwachtet, mar hoe muoilik kin it wêze.
Grappich kin soks ek noch wolris útpakke. Se hawwe der hjir in hoart in hantsje fan hân en bring elkoar nei in feest thús. Leuk idee, mar yn de útfiering mankearre der noch wolris it ien en oar oan: Nimmen bedarre mear op it goeie plak en it feest wie yniens noch lang net dien ; )

Guon minsken binne makke foar sokke moaie ferhalen, mei attinte oandacht foar elts. In helpende hân foar wa’t dat noadich hat.
Ik bin gek op sokke minsken, in bytsje jaloersk miskien ek wol.
Minsken dy’t sûnder argewaasje muoilikheden yn in mienskip glêd strike, sûnder wrok fierder geane, altyd nuansearre en posityf midden yn de mienskip steane.
Mienskippen sitte fol mei sokke pearltsjes, it bliuwt spitich dat je brede basis dy’t dizze minsken foarmje ûnder it oerflak net sjen kinne; se binne goud wurdich.

Tekst: Janneke de Boer
Foto: Pixabay

Deel dit bericht: