Janneke de Boer: 2018 start hjir!

Janneke de Boer: 2018 start hjir!

20 januari 2018


Fjoerwurk helje, knieperties bakke, glühwein opwaarmje en o ja, de blompotten, de brievebus, it bankje en de krystljochtsjes foarhûs weihelje. Wilens âldjiersnacht stiet ûnbeheard guod net feilich no.

Of no ja, earlik sein ha ik fan sleperij de lêste jierwiksels net folle murken. It is noch net sa hiel lang lyn, dat wy mei âld & nij de plaknammebuorden los prebearren te krijen. Us ark of ús spieren wienen net sterk genôch, ik wit it net krekt mear, de buorden lieten yn alle gefallen net los. Doe’t ik krekt baas yn eigen hûs wie, ferdwûnen ûnder it knallen fan karbyd de blompotten út ‘e foartún en bakten wy skalen fol mei knieperties foar dyselde karbydsjitters (knieperties bakst mei in izer, in resept fynst op Doortjes Keuken)

Doe’t ik ús túnbankje fersette soe, betocht ik my. Se slepe ommers net mear. Eltse nijjiersmoarn kuierje ik fol spanning mei de hûn troch it doarp, yn de hoop op ludike spandoeken, grappige sleepaksjes of oare ûngeregeldheden. Neat.

Neat oars as oars.

Fjoerwurkfaaiende bern en âlden, dat sjogge je tsjintwurdich wol, dat is ek wat wurdich! Mar in spoar fan nachtlike aventoeren, dat sjoch ik nerges mear werom.

Ik wurdt dan ek oe sa bliid fan de âldjiersploegen, dêr’t yn myn belibbing alle jierren mear fan komme. Freonegroepen mei de meast ynteressante ideeën, skerpe statements of goeie grappen. Ein novimber, begjin desimber begjint it al, út de Ljouwerter Krante: “Nieuwjaarsstunts: Kameleonboot en vlaggen nog steeds zoek, zwaard Grutte Pier ook weg”.
By de earste tekenen fan in opfallende fermissing fan bygelyks in swurd of in boat, laitsje de Friezen al. Alhoewol, net alle Friezen, de behearder fan it Ljouwert-Fryslân 2018 Facebookaccount koe net om de grap gnize doe’t de saneamde aap út ‘e mouwe kaam. Ungefear 80 flagen fan dizze organisaasje wiene op wûnderlike wize ferdwûn, eltsenien wist fansels; in âldjiersploech.
Doe’t de flagen yn ‘kulturele haadstêd’ Marssum wer boppe wetter kamen, stie der op it LF2018 account te lêzen: “Onze banieren zijn terecht. Wat een stunt Marsum. Complimenten. ‘Iepen’ Mienskip krijgt zo toch een iets andere lading dan oorspronkelijk bedoeld…”
Tsja jonges, ek dit is mienskip. Machtich moai toch om, bygelyks, mei de doarpsnijjierskuier in buordoarp yn te rinnen dat yniens yn de gemeente Winsum leit.

Hoe moai is it dat ferskate âldjiersploegen stiekem mei de eare strutsen hawwe en dit bysûndere jier op hiel eigen wize iepene hawwe: Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 is oan!

En dy legacy, dêr kin ik noch wol mear by betinke, mar lit ús begjinne mei elts jier mear skerpe, mear unike en mear grappige nijjiersstunts!

Foto: Keunstwurk – De Reis

Deel dit bericht: