Janneke de Boer: Pleit foar nuvere skutters

Janneke de Boer: Pleit foar nuvere skutters

18 december 2017


Nei de drokte fan de gemeenteriedsferkiezings en, it hjir en dêr tige oandwaanlike, ôfskie fan de gemeentes ‘t Bildt, Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel en Littenseradiel kies ik no dochs in oar ûnderwerp. Jim hawwe út myn lêste skriuwen ommers wol opmeitsje kinnen hoe’t ik tsjin de weryndieling oansjoch, no.
Myn each foel op in berjocht fan de Ljouwerter Krante okkerwyks; elts doarp yn Fryslân in eigen kanon. Nei ‘De canon van Nederland; onze geschiedenis in 50 thema’s’ en de ‘Kanon fan de Fryske skiednis’, binne no alle 419 Fryske doarpen oan bar. Njonken dizze meunsterklus foar de trochsneed doarps argivaris, gie myn tinken al gau mei my op ‘e rin…

Want komt, om tichteby hûs útein te setten, it ferhaal fan moardner Wrede Wierd miskien yn de doarps kanon fan Weidum? Nei sechtjin jier sel, kaam de man foarweardlik frij. Hy bedarre yn Weidum en servearre in meibewenner fan it pleatslike rêsthûs in broadsje rattegif.

Sil Ritsumasyl de komst fan de nije biobased brêge yn de kanon opnimme? Of krijt Bartle Bultsje, de tiran fan Ritsumasyl, de haadrol? Bartle Bult, lyts fan stik en beheind, wie foar de duvel net bang. Yn it boek Rare Snaken wurdt er in ‘redeloze ruziezoeker’ neamd, mar it ferhaal fan dizze man it grutter dan dat. Hy ferlear nei mar fjouwer jier houlik syn frou oan it wetter fan de Ljouwerter feart.

Krijt de skimpnamme Fjurkemigers in prominint plak yn de kanon fan Wjelsryp? In prachtich stik skiednis, want hoe komme de Wjelsrypsters yn ‘e frede oan dizze skelnamme? Is it wier sa, dat sy eartiids it fjoer dôven troch der yn te pisjen?

Of krije de Kattefretters fan Kollum, de Klokkerôvers fan Brongergea, de Luzeknippers fan Earnewâld of de Weakskiters fan Snits in poadiumplak?

En ek fraai; de Bearen fan Brantgum.
Brantgumers binne Bearen
Waaksumers binne Hearen
Foudgumers binne Deaden

Prachtich! Fyn ik, dy striid. Der stiet fansels mar ien doarp mei stip op nûmer 1; de Messestrekkers fan ‘e Westereen. Je wurde fuortdaliks bang at je mei in Westereender yn ‘e kunde komme, soks móat dochs gewoan yn de kanon fan ‘e Westereen komme?

Kinst it ferhaal oer âlde Rinse, in swalker sa skjin as sûker en hielendal allinne op ‘e wrâld? Bôlebidler Rinse wie yn hiel Fryslân in wolkomme gast, de boerinnen seine gauris ‘Hy moat mar gau wat iten ha’. De minsken misten de âld man net bot at er ris net delkaam, mar yn de winter fan 1928 waard Rinse hielendal net mear sjoen.
Oant it teiwaar waard en immen dêre, tusken Jellum en Hilaard, in ear krekt boppe it sleatswetter útstekken seach. Alde Rinse wie net mear.

Ik dwaal ôf, leau’k. Yn de Ljouwerter Krante hat ien fan ynisjatyfnimmers it oer; ,,Gean ris út fan tweintich saneamde finsters per doarp. Oer ûnderwerpen as bygelyks arsjitektuer, ferneamde persoanen, feest en fermaak, polityk, hannel en tsjerke. Dan hast achttûzend finsters wêryn’t in blomlêzing fan histoaryske ynformaasje fan Fryslân sammele is. En wy kinne ‘doorkijkjes’ meitsje. Bygelyks alles oer polityk yn in bepaalde perioade.’’

Wat my oanbelanget; de rauwe én smoute ferhalen oer bysûndere doarpsminsken of gebeurtenissen hoege om my net fuortlitten te wurden. Meie net fergetten wurde: In oade oan de minsken dy’t de Fryske doarpen meitsje en reitsje. In protte saken binne al beskreaun, al giet it measte fan generaasje op generaasje oer. Yn elts doarp is der wol in mear of minder bekend (apart) ferhaal te fertellen, faaks ôfdien as in soartefan skimerige leginde. Dizze skiednis fan noch net iens sa gekke lang lyn, dy ûnfoarstelbere ferhalen fan ús pakes en beppes; dát is myn pleit foar nuvere skutters yn de doarps kanon.

Foar wa’t nijsgjirrich wurden is, de brûkte boeken:
Moord & Doodslag (Lennaert Nijgh)
Rare Snaken (Fenno L. Schoustra)
Schimpnamen van Friesland (Dirk van der Heide)

Linkjes:
Dorpscanon
Artikel Leeuwarder Courant

Deel dit bericht: