Janneke de Boer: Sosjale kontrôle

Janneke de Boer: Sosjale kontrôle

14 augustus 2017


Okkerdeis hiene wy doarpsfeest (om ynbrekkers foar te wêzen skriuw ik dêr fansels no pas oer ; ) ) en rekke ik, oer de hage, oan de praat mei buorfrou. Us buorfrou is fan in sekere leeftyd, mar giet mei har freondinnen noch mar wat graach it feest yn. Buorman giet noait mei.
,,Ik ha him ea ris meinommen, mar dat wie ien kear en noait wer,” sei buorfrou. Buorman fûn der nammentlik hielendal neat oan. Fansels wist ik dit wol, buorman krige earder ús babyfoan om op te passen en wy koene dan it feest yn; no problemo. Tsjintwurdich binne de bern wat grutter en wolle se net mear by de babyfoan efterbliuwe, mar leaver noch wat rûntsjes sweve.

Buorfrou sei ek: ,,Doe’t wy hjir krekt wennen, wie it hjir mei de merke krekt in kres. Hy paste op alle bern en de rest siet oan it bier.”

,,En ik hou ook een oogje in ’t zeil,” ferklearre buorman mei in dikke knypeach syn frisse tsjinsin oan it oanbelangjende feest. Wat er sei wie fansels hielendal gjin ûnsin, nettsjinsteande dy knypeach, sosjale kontrôle is op in doarp as úzes ommers altyd oanwêzich en faak ek wichtich as it om it wolwêzen fan guon giet.

Wat ús buorman docht, is de âlderwetske fariant fan WABP.

Watte? WABP, dat is de ôfkoarting fan Whatsapp Buurtpreventie. Witst wol, dy griene warskôgingsbuordjes oan it begjin fan in wyk of strjitte. Dy buordsjes dy’t der foar soargje datst net mear yn de boskjes doarst te pisjen. Dy buordsjes dy’t yn haadletters tsjin dy raze: ATTENTIE! Buurtpreventie!

Dat, wêr’t wy somtiden allegearre in hekel oan hawwe, sosjale kontrôle, mar dan yn in modern jaske. Fia Whatsapp kinne ynwenners fan in gebiet elkoar op ‘e hichte bringe fan fertochte situaasjes en ynbrekkers op ‘e die betraapje. Of de plysje dêrfan op ‘e hichte bringe, fansels.

Op de website wabp.nl kinst sjen oft der yn dyn buert ek in alarm app is, mocht dit net sa wêze dan kinst fia dyselde website ek in nije groep oanmeitsje en dyn buertgenoaten útnûgje om diel te nimmen. WABP is in lanlik inisjatyf foar en troch boargers wêrby’t op ’t stuit mear dan 7250 groepen aktyf binne. Wol warskôget de WABP: ,,Bel altijd eerst 112 en informeer uw buren vervolgens via de groep.”

Mar.., sjochst my no ris troch it dûsrútsje klimmen; app nét, dan hawwe ús grappige bern de bûtendoar nammentlik wer ris op ’t slot draait…

Deel dit bericht: