Janneke de Boer: Bijen & blommen

Janneke de Boer: Bijen & blommen

28 april 2018


It wie doe’t ik mei de hûn te kuierjen wie, doe’t ik it seach. Parten swarte ierde, tusken hertstochtlik groeiend, grien gers. Yn it koarte momint dat ús hûn my der by del luts (at jimme ús kuierjen sjogge, begripe jimme it lûken ek…) seach ik noch krekt dat der allegearre sied lei. Och, wat aardich, tocht ik, der wurdt wer besocht it bijeflinterlint bloeie te litten.

Hoelang’t it krekt lyn is, wit ik net mear, mar wat ha ik lake en my ferbjustere tagelyk doe’t de noch griene stingels fan de blommen fan it bijeflinterlint krekt bûten ús doarp fanatyk in kopke lytser makke wiene. De gemeentemannen wiene net op ‘e hichte dat it túch, sa’t it derút seach, eins lelijke eendjes wiene. It griene túch hie útbloeie moatten ta in kleurryk part fan it saneamde bijeflinterlint.
Yntusken binne der goeie ôfspraken makke, der wurdt wol wjudde mar de opkommende blommen wurde mei rêst litten. Unopsetlik tink ik tsjintwurdich by soksoarte berjochten eefkes oan de worldfamous jildfergriemende Fryske muzykdyk dy’t by nacht en ûntiid song oer bûnzjend bloed en it bêste lân fan d’ierde.

It bijeflinterlint fertsjinnet better dan in pedikuerebehanneling sûnder griene fingers: Mei Kulturele Haadstêd 2018 yn gedachten betochten ynwenners fan de eardere gemeente Littenseradiel nammentlik dit bijeflinterlint.

Yn 2015 setten sy as boargerinisjatyf útein mei de plannen om mei it blommelint de doarpen fan Nij Baarderadiel (Húns, Leons, Baard, Easterlittens, Mantgum, Jorwert, Weidum, Bears, Jellum en Hilaard) te ferbinen mei harren nije gemeente, Ljouwert. Yn gearwurking mei basisskoallen en belutsen frijwilligers binne en wurde de bermen fan Frijlân (Ljouwert) ôf, troch de 10 doarpen, by it Odulphuspaad del, lâns de Fryske marren en oant Snits ta ynsiedde mei bij- en flinterfreonlik sied.
Yn 2017 waard der sa’n 10 strekkende kilometer ynsiedde, mei help fan 7 skoallen, 233 bern, 21 learkrêften en 50 frijwilligers. Al mei al in tige entûsjast boargerinisjatyf dy’t derfoar soargje wol dat de biodiversiteit tusken Ljouwert en Snits tanimt.

Bijen steane yn Fryslân, wilens dit Kulturele Haadstêdjier, sawisa yn it ljocht. Njonken it bidbookproject Silence of the Bees is der sawol by ‘t Natuurmuseum Fryslân as by Natuur- en Milieu Educatiecentrum De Klyster yn Damwâld fan alles te rêden omtrint de bij en de minne tastân fan de ferskate bijepopulaasjes (der binne yn Nederlân sa’n 357 soarten).
It NME sintrum bringt bijen en bern by elkoar mei ûnder oare de film Underweizzz. Basisskoallen yn gemeentes dêr’t in NME sit, krije it pakket fergees oanbean.

Mear ynformaasje:
De Kruidhof & Silence of the Bees
Projekt Underweizzz
Utstalling Nederland Zoemt yn it Natuurmuseum 

Deel dit bericht: