Janneke de Boer: Bûge of barste

Janneke de Boer: Bûge of barste

23 febrewaris 2020


“Efkes besjen. Tige ynteressant!”
It berjocht stie yn de groepsapp fan freondinnen [dêr’t ik eartiids by yn de klasse siet]. It wie in link nei Buitenhof, it televysjeprogram, en mear spesifyk it petear fan Twan Huys mei arsjitekt Rem Koolhaas oer it plattelân. Koolhaas is as arsjitekt bekend fan ûnder mear Seattle Central Library, Casa da Música (Porto) en de CCTV-toer (Peking). Nettsjinsteande syn wrâldferneamde ûntwerpen bringt Koolhaas syn frije tiid gauris troch op it Switserske plattelân, dêr seach er foar ’t earst de feroaring dêr’t it plattelân mei te krijen hat; de kij ferdwûnen, de befolking ferdwûn mar it doarpke groeide wol. Hy frege him ôf wat der oan de hân wie en seach dat der in bot mingde befolking ûntstie, it stabile byld wat der fan it doarp wie, bliek net mear te bestean. Dit waard de kearn fan it ûndersyk fan Koolhaas oer wat der yn de lêste 100 jier op it plattelân bard is op it mêd fan foarsjennings, befolkingsgroepen, krimp, groei en mooglikheden. Hy reizge foar syn ûndersyk de hiele wrâld oer, fan 20 febrewaris ôf sil it ûndersyk middelpunt fan syn tentoanstelling Countryside, the future – this is not an art show yn it Guggenheim wêze.

“Het Guggenheim heeft ons gevraagd, uitgerekend in New York, deze tentoonstelling over de Countryside te maken. Dat is zowel verheugend als verbazend, dit is de eerste keer dat in een kunstinstelling een tentoonstelling die niks met kunst en ook niks met architectuur te maken heeft maar die gaat over een politiek, sociologisch, antropologisch probleem in een kunstinstelling in New York, notabene, gebeurt. De boodschap is dat we op een bijna onbegrijpelijke manier een ongelooflijk domein hebben genegeerd, voor veel te lang. Dat dat domein cruciaal is om te blijven onderhouden, om over na te denken maar ook om er weer te gaan wonen en omdat het heel duidelijk is dat je op prachtige plekken kan wonen en dat als je in de stad woont, niet een winner bent maar een loser, omdat je allemaal op elkaar gepakt zit.” (Rem Koolhaas yn Buitenhof)

Wannear’t Twan Huys de arsjitekt wiisd op de apparteminten tsjinoer de studio en ferteld dat de fjouwer penthouses foar 8 miljoen it stik ferkocht wurde, reagearret Koolhaas mei: “Ik denk dat je voor 6 miljoen ongeveer 30 schitterende plekken in Nederland zou kunnen vinden, waar je op een ideale manier zou kunnen bestaan.”

Fan’t hjerst naam Natasja Froger wenningsykjenden by de earm foar it televyzjeprogramma ‘Voor hetzelfde geld’. Keapwennings yn de Rânestêd binne troch de gekte op de huzemerk en de hege fjouwerkante meter prizen ûnbetelber. Foar itselde jild, wennest moaier, grutter en better op it plattelân. Ik ha it programma gjinien kear sjoen, se fertelden my neat nijs. De ôfstân Amsterdam-Fryslân is al desinnialang langer as oarsom. De provinsje is net saai. En boppedat steane der yndied hiele moaie huzen yn alle tolve provinsjes. Wat Koolhaas op gruttere skaal prebearret te fertellen, die Vorst Media mei ‘Voor hetzelfde geld’ al yn it lyts yn Nederlân. Ik soe wol witte wolle wat de skoares west binne fan de dielnimmers oan it programma; hoefolle minsken hawwe dochs foar it plattelân keazen? Neffens Koolhaas moat it plattelân rêden en preservearre wurde. Ik bin benijd nei hoe at de arsjitekt tinkt dit te bewurkstelligjen, yn it interview hellet er Sina oan; “Wat in China uniek is, is dat de staat absoluut weet dat ze moeten zorgen dat het platteland bewoond blijft. Dat het essentieel is voor het overleven van China dat niet de halve Chinese bevolking van het platteland naar de stad trekt en dus is China een van de weinige landen die een officiële politiek heeft om het platteland coûte que coûte met verschillende middelen bewoonbaar te houden en daar verschillende typologieën voor heeft bedacht hoe dat zou kunnen.”

De tentoanstelling sil de wrâld oer, it soe wat wêze at dizze ek nei Nederlân kaam en ús regear it plattelân mei oare eagen besjen kin en coûte que coûte, bûge of barste, it (ek) bewenber hâlde wol.

De uitzending bekijken: Buitenhof

Tekst: Janneke de Boer
Foto: Doarpswurk

Deel dit bericht: