Janneke de Boer: Ferienings yn bloei!

Janneke de Boer: Ferienings yn bloei!

4 april 2019


Yn it ramt fan it projekt Van Krimp naar Groei, in inisjatyf fan muzykbûn Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF), komme grutte groepen (frijwillige) bestjoersleden en oare belanghawwenden yn dizze sektor op ’t stuit op regelmjittige basis by elkoar. Under professjonele lieding fan oanjager Jan-Willem van Kruyssen wurdt der op dy byienkomsten ûnder oare sprutsen oer finânsjes, kommunikaasje, projektûntwikkeling, ynternasjonalisearring en besturen in balans.

It projekt hat as doel it lokale en regionale kulturele fjild yn Fryslân te fersterkjen. De konstatearre lededelgong binnen de Fryske HaFaBra (it oerkoepeljende wurd foar Harmonieën, Fanfares & Brassbands, de ferskate slachwurkrelatearre ferienings falle hjir ek ûnder) botst nammentlik mei de provinsjale ambysje oangeande kultuerpartisipaasje. Eat wat kultuerdeputearre Poepjes en ferskate kultuerbeliedsmeiwurkers fan Provinsje Fryslân mei klam as probleem bestimpelje. Sadwaande kaam it muzykbûn mei dit projekt en fûn foldwaande finansiering om oanjager Van Kruyssen te belûken by dit projekt.

Fan krimp…
No giet boppesteand projekt fansels spesifyk oer muzykferienings, dochs is ien en oar ek hiel goed tapasber op oare ferienings yn Fryslân.

De ferienings wurde troch Van Kruyssen fan haren terpen lutsen, oantrune ta it dielen fan suksessen en tsjinfallers. Earlik en iepen kommunisearje grutte én lytse ferienings yn folweardige petearen. Wêr’t der earder noch in skieding wie, om hokker reden dan ek, groeie de ferskate ferienings hyltyd mear nei elkoar ta. Lededelgong hat somtiden in natoerlike golfbeweging, mar is ek faakris fan in mear strukturiele aard. De ferienings hawwe in protte oerienkomsten en ek likegoed in protte ferskil; de iene twifelet oan it promovearjen nei de 1ste divysje, de oare hat fierstente te min (bestjoers-) leden, in oarenien hat troch syn foarm sawat gjin supporters. Troch mei elkoar yn petear te gean, ûnder professioniele begelieding ûntsteane der moaie en ynspirearjende petearen. Ek at je it ris nét mei elkoar iens binne, want dat bart ek.

Wilens in gearkomste ein maart spruts de foarsitter fan it OMF, Johan Meesters, de hope út dat de oanwêzige ferienings harren entûsjasme oerbringe kinne op de ôfwêzige ferienings. Want, en dat bin ik folslein mei him iens, dizze byienkomsten bringe no al foarútgong. Der wurdt neitocht oer bestjoerprofilen, der wurde fisys ûntwikkele, der wurdt gearwurking socht. En dat inkeld yn in pear moanne tiid. In boppeslach.

Van Krimp naar Groei
Lês it artikel op Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân

Ljouwerte krante
Mei de start fan de lanlike kampanje NLDoet startte de Ljouwerter Krante syn eigen aksje:
Bij de start van de campagne NL Doet start de Leeuwarder Courant haar eigen project. Met LC Doet ontfermt de krant zich over de immense problemen waar clubs en verenigingen tegenwoordig mee kampen: het schreeuwende tekort aan vrijwilligers.

Ik waard fuortdaliks entûsjast; komt eltsenien no yniens mei slimme en goeie ideeën?!

Op harren webside wurdt in dossier opbout, tige nijsgjirrich. Yn de krante fan sneon 30 maart stie bygelyks it ferhaal fan Plaatselijke Activiteit Ferwert-Hegebeintum; ,,De gedachte is simpel. Betrek de mensen die een direct belang hebben en geef hen één taak. De kracht is dat men zich maar met één taak bezig hoeft te houden, een onderwerp dat ook nog aansluit bij hun belang of belevingswereld.”
Dizze Plaatselijke Activiteit Ferwert-Hegebeintum hat in wize fûn wêrtroch alle aktiviteiten wol trochgong fine, mar wêrby’t op nije wize oanstjoerd wurdt. Ienfâldich ja, mar kom der marris op.

LC Doet
Besjoch de aksje fan de Leeuwarder Courant

LKCA verenigingsmonitor
At je der omtinken foar hawwe, blike in protte organisaasjes mei krimp yn ferskate fariaasjes dwaande te wêzen. Lykas it LKCA, it Landelijk Kennisinstituut Cultuureducatie en Amateurkunst, bygelyks. Dy hawwe nammentlik in pear tige nijsgjirrige publikaasjes nei bûten brocht, stik foar stik oanriders foar bestjoerders yn Fryslân.
Mei de saneamde verenigingsmonitor waard ûnder oare de leden, frijwilligers, finânsjes, akkommodaasje, aktivtiteiten, gearwurking en sichtberens yn kaart brocht fan 800 dielnimmende ferienings. Ynteressant om ris njonken je eigen gegevens te lizzen.

LKCA verenigingsmonitor
https://www.lkca.nl/over-het-lkca/publicaties-lkca/verenigings-monitor-2018

LKCA Vereniging in verandering
https://www.lkca.nl/vrije-tijd/publicaties/vereniging-in-verandering

LKCA Passend besturen
https://www.lkca.nl/over-het-lkca/publicaties-lkca/passend-besturen

Nei groei!
Boppeneamde inisjativen, projekten en publikaasjes helpe de amateurbestjoerder foarút. Minsken wurde triggere, entûsjasmearre en sjogge wer ljocht oan de ein fan ‘e tunnel. Troch de júste toan te reitsjen krije ferienings wer organisatiekracht en kin der bout wurde oan in mear positive takomst. It moaie oan in feriening, it wurd seit it al, is de demokratyske ynslach, de leden kinst sjen as oandielhâlders en binne lang om let sels ferantwurdlik foar harren feriening. Dit ynsicht soene je bygelyks ynsette kinne as stipe by it sykjen nei helpende hannen, kommisjeleden ensafuorthinne.

Feroarings nimme tiid, mar neat dwaan is yn in protte gefallen gjin opsje. Troch ynearsten mei elkoar yn ‘e kunde te kommen en dêrnei mei elkoar it petear oan te gean sjogge je foarút, binne je mei de takomst dwaande en ûntwikkelje op eigen wize in misje en fisy.

In hiel aardich filmke oer hoe’t ferienings wurkje, of hoe’t je ek nei ferienings sjen kinne hat de KNVB makke. Back to basics hyt it en lit hiel ienfâldich sjen wêr’t it eins allegearre om giet.

Tekst: Janneke de Boer
Headerfoto: eigen ôfbylding út it boekje Mienskip (sjoch ús webside)

Deel dit bericht: