Janneke de Boer: Fryslân boppe!

Janneke de Boer: Fryslân boppe!

28 mei 2018


Yn de Ljouwerter in paginagrut artikel, de dei nei Twadde Pinksterdei, oer de driuwende krêft efter ien fan Fryslâns grutste sporteveneminten. Jimme riede grif al wêr’t ik op doel, de beskriuwing ûnder de foto fertelt de rest: “De deelnemers leveren tijdens de fietselfstedentocht een enorme prestatie. Ze worden daarbij ondersteund door honderden, onmisbare vrijwilligers.”
Je soene it suver hast omdraaie: “Honderden vrijwilligers worden in hun prestatie bijgestaan door de deelname en de support van 15000 fietsfanaten.”
Want sa is’t eins, sûnder frijwilligers soe in mânske prestaasje as it organisearjen fan de Fyts Alvestêdetocht net te beteljen wêze. Oars sein, de organisaasje fan de Friese Elfsteden Rijwieltocht hat goud yn hannen.

De mienskip yn Fryslân stiet en falt fansels by de belutsenens, de dreaunens fan frijwilligers of leafhawwers. Oft it no giet om de biljertferiening, it keatsen, it kuorbaljen, it korps of de doarpstún. Jim sille wol tinke, wat hat dat fanke it faak oer it korps, mar ik wol dêr hjoed noch al eefkes wat oer sizze. Pinkstermoandei rin ik al sûnt ik lyts wie yn de optocht mei. Earst foaroan, as majorette. Letter mei de bugel en tsjintwurdich slút ik de rige, njonken de bassen. Earlik sein ha ik 9 kear mist, doe fytste ik nammentlik sels. Tegearre mei Showband Hollandia Boalsert, CMV Oranje Boalsert mei Harmonie Weidum de grutte startgroepen begeliede nei de alderearste stimpelpost. Moarnsbetiid dêre, altyd in prachtich barren.

Wêr’t ik eins hinne woe mei boppesteand ferhaal wie de doarpstún fan Snakkerbuorren. It buorskip boppe Ljouwert ûntduts ik doe’t ik foar in lokaasjebesite oan Camping Taniaburg (dêr is it ek werklik prachtich!) ûnderweis wie. Altyd sykjende nei helpende hannen wurdt de tún droegen troch in hiele bulte entûsjaste frijwilligers. Foar wa’t der noch nea west hat, Snakkerbuorren hat wol wat mearke-eftichs, ek de tún is in peareltsje. Sa skriuwende sykje ik sa no en dan online wolris wat ynfo op en wat lês ik ta myn stomme ferbazing oer dizze doarpstún: Ien koördinator stoppet 1 jannewaris 2019, ien giet de helte minder wurkjen en it bestjoer is te lyts. Yn harren túnbulletin roppe se op en kom mei ideeën. Ik wie bliid te lêzen dat sy stipe sykje by ferskate doarpsbelangen, de gemeente en adviseurs.

Oer peareltsjes yn it Fryske lânskip sprutsen, njonken Taniaburg en Snakkerbuorren binne der noch fólle mear unike plakken yn Fryslân. De seedyk, it Waad, de marren, Gaasterlân, de Greidhoeke, de Alde Feanen, de Stellingwerven en ferjit ek foaral de Wâlden net. Tiisdei 22 maaie waard bekend dat Fryslân, no dus topskoarder fan Nederlân, as nûmer 3 keazen wie yn de list ‘Best of Europe’ fan reisgids Lonely Planet. Hiel erch stoer!
Fryslân boppe, ik wist it alláng. Lêsten, op it strân fan Starum sei ik noch “Is it hjir net krekt as binne je yn it bûtelân?”


Link bericht Lonely Planet op Omrop Fryslân:
Foto top 4: Skermôfbylding website Lonely Planet

Deel dit bericht: