Janneke de Boer: Goedemiddag!

Janneke de Boer: Goedemiddag!

29 oktober 2019


‘Goedemiddag,’ sei ik suver achteleas werom tsjin de freonlike begroeting. Doe’t ik omseach, seach ik dat it boargemaster Buma wie. Wat koarter fan formaat dan at ik tocht hie, mar sa freonlik at mar koe. Wylst hy it gebou ferliet en ús petear fierder gie oer stêden en doarpen, doarmen myn tinzen ôf: It wie noch net sa lang lyn, dat boargemaster Buma in flitsbesite brocht oan ús doarpke. Of better sein, oan álle doarpen en wiken fan gemeente Ljouwert. Dizze toernee fan de nije boargemaster fan Ljouwert fûn ik in hiel sympatyk gebaar. Yn in moanne tiid alle wiken en doarpen in besite bringe; besykje it marris, dat is in leuke puzel foar de organisaasje. At de nagelnije boargemasters fan gemeente Amelân, Leo Pieter Stoel en fan Noardeast-Fryslân, Johannes Kramer meilêze; meitsje mar fêst romte yn de aginda!

Miskien bard it wol faker, al hie ik der noch nea fan heard, dochs is it in fraai foarbyld foar oare boargemasters. Ek foar dyjinge dy’t al langer op’t plús sitte. Ik as boarger sjoch sa dat it ek mar in gewoane man/frou [trochhelje wat net fan tapassing is] is, kom der achter dat je gewoan mei sa’n minske prate kinne en boppe-al wurd myn doarp, myn mienskip, myn feriening, myn doarpslibben sjoen. In boppeslach wat my oanbelanget, benammen om’t de sentiminten binnen de grinzen fan fúzjegemeente Ljouwert net alte-alte wiene by it bekend meitsjen fan de nije rol fan, yn dit gefal, boargemaster Buma.
De timing fan Buma is ek net ûnaardich; gemeente Ljouwert krige der yn 2018 leafst 17 doarpen by. En ek al is dizze weryndieling net altyd like glêd fan tried, de reewilligens fan Buma makket drompels leger.
Neffens de regionale media wurket menear Buma ek noch oan syn Frysk: “Ja, ik wol Frysk prate mei de Friezen.”

Ik sjoch no al út nei syn freonlike ‘Middei!’.

It is in skoftke rêstich west fan myn kant; somtiden witte je net sa goed wêr oer te skriuwen, hawwe je minder each foar nijs, of steane de voelsprieten út.
Dus: Hasto tips? Wisto moaie ferhalen, fantastyske ynisjativen of oar nijs wat in Doarpswurk-blog weard is? Let me know!

Tips meie nei: ynfo@jannekedeboer.frl

Deel dit bericht: