Janneke de Boer: Grutsk & Grien

Janneke de Boer: Grutsk & Grien

10 september 2018


It is moai waar, lekker waarm en dochs komme de spinnen al wer foar it ljocht. In aldewivesimmer, om sa mar te sizzen. Mei de earste wike skoalle, de wyklikse fuotbaltraining ensafuorthinne achter de rêch fine ús bern it wol goed en lizze dizze hiele snein leafst op ‘e bank. Ik koe se omprate en mei in bytsje tsjinsin sette wy ôf nei Snits.

Hiel folle reklame hie ‘k net foarby kommen sjoen, mar blykber wie ik de ienichste. Gesinnen, steltsjes, ienlingen, hipsters, geitewollensokken, dreadlocks en minsken mei de skieding keurich yn ‘e midden; it Rasterhoffpark knapte sawat út syn jaske, sá drok wie it op de earste edysje fan it Rasterhoff festival. In grut ferskaat oan minsken, ik ha werklik gjin idee wêr’t se allegearre weikamen; hat Snits sa’n bining mei it park, mei duorsumens of hat de organisaasje sa’n suksesfolle marketing hân? Ik wit it net. Wat ik wol wit; it wie hartstikkene leuk!

De auto te plak en we stappe yn in shuttlebus, prachtich fansels, dy’t ús nei it terrein bringe sil. Kuierders en fytsers passearjend komme we oan en begjint it daliks goed mei in outdoor fitness workout. Nei it gewicht heffen kuierje wy by in kabouterhúske del en sjogge yn ‘e fierte de sirkustinten als stean. Linnen taskes fersiere, oalje meitsje, siedbommen nifelje, drinkrietsjes snije, klimme op de klimmuorre en slackline, we fermeitsje ús o sa yn it Burgemeester Rasterhoffpark, earder bekend as in stoart.

Rasterhoff festival (ûnderdiel fan it gruttere gehiel Grutsk & Grien) is de namme fan it nije festival, in inisjatyf fan Astrid Koops-Tippersma en Lucie Gelderblom, en hat as misje ynwenners en ûndernimmers fan de gemeentes Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren bewust te meitsjen fan duorsume ûntjouwings oangeande de sirkulêre ekonomy. In lytse greep út de dielnimmende organisaasjes lit sjen hoe grut it ferskaat oan oanbod op it festival is: Streekwinkels, Talant, Welkoop, de Fûgelwacht, de wereldwinkel, Circus Salto, Kaatje Katoen, Rommel Rinners en net te ferjitten Doarpswurk. De opset, de ynfolling, de útfiering en boppe-al de opkomst fan it festival is in moai foarbyld foar oare Fryske gemeentes.

Mei de tas fol biologysk lekkers, nuttichs en nijsgjirrichs geane wy wer op hûs oan. Thús lês ik op GrootSneek: “Rasterhoff Festival nu al succes, het kan bijna niet anders of het wordt een blijvertje.” En de dei wie noch doe noch lang net ôfrûn.

En dat fûn ik no ek. Net inkeld om it oanbod, de fergese tagong, it fraaie park of om’t it gewoanwei moai waar wie. Mar krekt om’t der sa’n allemachtichst grut ferskaat oan minsken op ôfkaam, in boppeslach!

Kijk voor meer informatie bij GrootSneek en Grutsk & Grien

Deel dit bericht: