Janneke de Boer: Mear sizzenskip foar elts!

Janneke de Boer: Mear sizzenskip foar elts!

30 oktober 2018


Hoezee!
Graaf dy grêft, bou dy muorre, easkje mear en wurd hear en master fan ús eigen Fryske Keninkryk!

Ik lies, yn earste ynstânsje op ynternet, dat de Frysk Nasjonale Partij (FNP) mear sizzenskip wol, foar ús, Friezen. Yn neifolging fan Wales en Súd-Tirol sil Fryslân âlde rjochten opeaskje en in nij Keninkryk stichte mei Johannes as Kening Kramer.
Nee grapke fansels. De FNP wol ús Provinsje net losweakje fan Hollân; mear sizzenskip foar Fryslân wolle sy wol. Ik wol ek wolris wat, mar krij myn sin ek net altiten, tink ik dan synysk.

At je it plan fan de FNP no ris op lytsere skaal tapasse soene; dêr bin ik wól flak foar. Begjin op de buorskippen, de doarpen, de lytse kearnen en jou de ynwenners mear sizzenskip oer harren libben en mienskip. Lytsere ferienings, organisaasjes ensafuorthinne komme de lêste tiid gauris yn it nijs at sy yn ‘e knipe sitte mei in (nije) gemeente.
Ik wit net ofsto it lêzen of sjoen hast, mar de jongerein fan Nijewier skreaunen boargemaster Waanders in iepen brief, mei in my bekend yn de earen klinkende oprop: “Wat wy wol in soargelik puntsje fine is dat Dokkum sûnder problemen in wykein lang omdoopt wurde kin ta in tige gesellich Sodom en Gomorra fan it noarden wêr de bier- en wodkaflessen stikken tusken de auto’s lizze, út namme fan in lang fergeane admiraliteit fan neat…. en dat de regels foar ús doarpsfeesten hyltyd mar strenger wurde, niks mei mear, in fergunning foar in optocht moat êfter de helsdoarren weikomme en mei mar kwealik it doarp út en ús freonen fan de plysje bekeure sels neist it feesterrein foar in kapot foarlampke fan de fyts……hjir wurdt neffens ús mei twa maten mjitten, eale boargemaster.”

Dizze needgjalp klinkt ek yn Marsum, dêr’t troch de nije gemeente Waadhoeke parkearwachters ferplichte waarden wilens de merke en yn Sint Anne wêrtroch alle betingsten fan dyselde gemeente it organisearjen fan de Sinteklaasyntocht no te folle jild kostet. By in doarpetop begjin oktober, wêr’t alle 40 doarpen fan gemeente Waadhoeke oanskowe mochten, krige dit kommentaar de hannen op elkoar. Tichterby herken iksels de lûden oer doarpsbudzjetten, subsydzjes, hûnepoepjiskefetten ensafuorthinne ek. Fansels kin net alles yn ien kear goed gean, guon gemeentes binne folslein nij en oaren hawwe der in protte lytse kearnen bykrigen, hiele Frysksinnige somtiden ek noch; wat miskien noch wol lestiger is 😉

As gemeente kinne je echt betrouwen hawwe yn de goedrinnende masine dy’t doarpsmienskippen meastentiids binne en lis kaders net sa ferrekte fêst yn dossiers en rigeltsjes. Soks feroarsaket inkeld argewaasje. En sis no sels, soe it plattelân net in oare oanpak easkje as de stêd? Wyk ris ôf fan hoe’t it heart, wês net sa formeel en doch net sa ôfhâldend.

It is no tiid om as grutte Fryske gemeente each foar de lytskes te hawwen en dan net inkeld op papier. De lytse mienskippen hawwe baat by fitale ferienings, romte foar inisjatyf en já in sekere sizzenskip oer harren doarpen.

Want sa fielt it wier noch gauris; dy grutte stêd fierderop, dy stroefrinnende gemeente is de parasyt yn ús feilige en oh sa dierbere kokon.

Iepen brief Nijewier
Omrop Fryslân oer Nijewier

Marsum

Foto: Omrop Fryslân by berjocht oer fergunningen

Deel dit bericht: