Janneke de Boer: Minder = Mear

Janneke de Boer: Minder = Mear

17 januari 2019


De ôfrûne tiid wie Fryslân, of de Fries, gauris yn it nijs. Mei 55% fan de stimmen waard ‘Blokkeerfries’ wurd fan it jier by De Dikke van Dale en it nije jier wie noch mar krekt los of ús Waadsee spuide raar guod, man-made junk útkoarre troch ús Wrâld Erfguod. Soe dit it skok-effekt wêze wat wy minsken noadich hawwe om ús konsumearjen oan te passen, te ferduorsumjen en te ontspullen?

Tusken boppesteande nijsberjochten wie der noch mear nijs: ‘Friezen geven in dure decembermaand het minste uit. ’Men woe ha, dat dit ferskil tusken de tolve provinsjes sit yn de ekonomyske ferskillen. Mar twa dagen letter stie yn sûkelarjeletters yn de Ljouwerter Krante: ‘De Friese paradox; gelukkig met minder?’

In tige nijsgjirrich stik oer it boppegemiddeld gebrûk fan sosjale foarsjennings en de WMO en oer de wolfeart en it wolwêzen yn Fryslân. By soksoarte ûndersiken giet de ienfâldige wetmjittigens ‘mear is better’ op.

Hoe kin it dat Fryslân yn dizze ûndersiken in hiel oar byld sjen lit?

De tefredenens oangeande de leef omjouwing, de eigen provinsje, de sûnens en it geloksgefoel skoare by de trochsneed Fries heger dan by hokker Nederlanner dan ek.

Sjoen de ekonomyske faktoaren giet it mei ús Friezen mentaal better, dan at de ûndersikers ferwachte hiene. Under oare op it mêd fan sûnens (79%) en lok (92%) skoart ús provinsje moai wat heger dan dy oare alve.

Soks soe lizze kinne oan:

  • De Fryske tradysje fan gearwurkjen
  • De mingde befolking, it ferskil tusken ryk en earm is minder grut
  • De Fryske tradysje fan burenhulp
  • Nearne oars yn Nederlân dogge safolle minsken frijwilligerswurk as yn Fryslân
  • De mienskip en it bestean fan in goed netwurk om op weromfalle te kinnen, dit netwurk is yn Fryslân better dan earne oars

De rage fan de ôfrûne tiid om te ontspullen en om bygelyks oan mindfulness te dwaan, oerwaaid út it bûtelân, soe samar in Fryske tradysje wêze kinne.

At ik it ûndersyk sa lês, binne wy Friezen tige, tige foldien mei ús libben. Minder = mear en sa’t de Grouster dokter en skriuwer Eeltsje Hiddes Halbertsma ein 19de ieu al sei; Fryslân, it bêste lân fan d’ierde.

Rieplachte ynformaasje:
Friezen geven in dure decembermaand minste uit: Omrop Fryslân
De Friese paradox: Leeuwarder Courant

Deel dit bericht: