Janneke de Boer: Nij Poadium

Janneke de Boer: Nij Poadium

3 december 2019


Krekt foar Easterwierrum hearde ik op de autoradio in Omrop Fryslân-ferslachjouwer yn petear mei deputearre Sietske Poepjes. Ik wie hast op myn bestimming en bleau harkjend yn de auto wachtsjen oant de (dûns-) fammen út in brûzjende Tysker stapten. Se koene my grif noch eefkes misse, want fan wat ik hearde waard ik hiel nijsgjirrich; 144 miljoen Fryske euro’s foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfguod? Myn hert makke in spronkje en myn hân griep fuortdaliks nei de telefoan: Google, you’d better be quick! En ferhip, myn ferbining wurke mei; ik kaam mei de sykwurden ‘kultuernota’ en ‘nij’ rap út by de website fan Provinsje Fryslân en de oanbelangjende nota ‘Nij Poadium’.

Sawat in jier lyn hie ik my nochal wat negatyf útlitten oer de kultuernota, de foarrinner fan Nij Poadium, Kultuer oan ‘e Kime. Of better sein; ik hie my negatyf útlitten oer opmerkings oangeande dizze nota.
Ik skreau ek: Mei de nije kultuernota wol men ôf fan it alâlde ‘hokjestinken’, mei in protte romte foar oare ynisjativen. Bygelyks inisjativen dy’t it ôfrûne LF2018 jier boppe wetter driuwen kaam binne, mar sûnder besteande saken yn ‘e knipe te bringen. Se sizze: “Der is romte foar elts.”
Okey én ik fûn dêr dus wat fan, want oer guon besteande hokjes wie eins net hiel bot trochtocht, of ûntbrieken sels…

Hokjes

Werom nei de autoradio; 144 miljoen, is neffens de Ljouwerter Krante 6 miljoen mear it jier dan earder. Alle spearpunten lizze my, en dy grif ek, nei oan it hert. Mei it ‘net yn hokjestinken’ yn ‘e efterholle scroll ik de nota troch en ta myn grutte bliidskip seit men wol net yn hokjes tinke te wollen, yn de haadlinen is no wól genôch romte foar hokjes. Sawol foar besteande hokjes, dy’t Fryslân al mear dan in iuw kleurje, bine, opliede en moetsje lit – as foar nije hokjes, dy’t op har beurt dan wer net yn in besteand hokje passe ; )

,De Fryske taal en kultuer binne wichtige dragers fan ús identiteit, fan wa’t wy binne. Boppedat soargje se derfoar dat Fryslân brûst. It kulturele haadstêdjier hat dat sjen litten. Mei dit belied wolle wy derfoar soargje dat wy dat fêsthâlde. Net allinne mei kulturele produksjes, mar ek mei ús prachtige erfgoed, Fryske taal en de ûntelbere geweldige ferhalen dy’t der oer Fryslân binne”, aldus gedeputeerde Sietske Poepjes.
(boarne kwote – Ljouwerte Krante)

De programmalinen fan Nij Poadium:

  • Grut & Grutsk LF2028
  • Ynnovaasje & Eksperimint
  • Kultuer yn ‘e Mienskip
  • Taal & Identiteit
  • Ferhaal fan Fryslân

It beliedsplan fynst yn in link ûnder dit skriuwen en is hiel nijsgjirrich foar elts dy’t de Fryske kultuer, yn de breedste sin, in waarm hert tadraacht.

Provinsjale Steaten behannelet de beliedsnota Nij Poadium op 22 jannewaris 2020

Soe men dan einliks ynsjen gean dat kultuer yn ál har fasetten in hiel wichtich en ûnmisber part fan ús mienskip is? Want njonken it iepenbier meitsjen fan it oanbelangjende beliedsplan, stimde in grutte mearderheid der yn de Twadde Keamer deselde dei mei yn dat amateurkeunstferienings yn Nederlân in bettere ûndersteuning krije moatte. Ien en oar kinne je miskien net tsjin elkoar fuortstreekje, hiel posityf, foar kultureel Nederlân en foar Provinsje Fryslân yn it bysûnder, fyn ik it al.

Mear lêze:

Artikel Leeuwarder Courant

Nota Nij Poadium cultuur, taal en erfgoed 2021-2024

KNMO Motie Geluk-Poortvliet

Tekst: Janneke de Boer
Foto: Doarpswurk

Deel dit bericht: