Janneke de Boer: Prakkesaasjes

Janneke de Boer: Prakkesaasjes

8 januari 2020


Op ús kelderdoar hinget al in skoftke ien bepaald briefke. Skots en skeef stiet dêr, njonken mear, op kribele ‘Idzerda opsyk nei roots’. By de live-útstjoering fan Omrop Fryslân, 6 novimber lêstlyn, die bliken dat dizze radiopionier doe’t er âlder waard opsyk gie nei syn roots, eat wat ik blykber nijsgjirrich genôch fûn om te notearjen op in gieltsje. Idzerda strúnde alle registers fan Fryslân ôf; hy tocht dat er wolris fan adel wêze koe, dat idee stie him wol oan. Yn it tsjerkje fan Teridzert fûn hy de woartels fan syn stambeam. Yn de podcast IDZ de earste seagen wy bylden fan it tsjerkje fan Teridzert, dêr’t it wapen fan de famylje noch hinget. Piet stjitte my oan en sei: ‘Dêr hat Van der Vegt [it boubedriuw] wol oan it restaurearjen west’.
No’t ik it tiid fûn om dêr einlings wat oer te skriuwen, moast ik tinke oan de doarpskanons fan Fryslân. Yn 2017 pleitte ik hjir noch foar nuvere skutters, rauwe en smoute ferhalen yn de oanbelangjende kanons. Sa bedarre ik opnij op Dorpscanon en seach ik fansels ek eefkes oft myn eigen wenplak dertusken stie; noch net. Dus op dy site koe ik net mear ynformaasje fine oer de skiednis fan de famylje Idzerda. Ik wit net oft jimme it nijs hjiroer begjin novimber folge hawwe, mar Hans Henricus Schotanus à Steringa Idzerda (Weidum, 26 september 1885 – Den Haag, 3 november 1944) stjoerde de alderearste radio-útstjoering fan Nederlân [en miskien fan wol fan de wrâld] út. Tidens de live-útstjoering en fia podcasts stuts ik in protte op oer de berne-Weidumer, dêr’t ik earlik sein net safolle fanôf wist.

Sels wit ik ek lang net alles oer ús famyljeskiednis, ja dat de iene pake molkrider wie en de oare pake wie Scheltebuske. Wat? Scheltebuske. Mear hoech ik der tsjin in âldere generaasje meastentiids net oer te sizzen en sterker noch, doe’t ik noch yn de soarch wurke koene kliïnten de smoutste ferhalen oer ús pake fertelle. Hy stoar twa jier foar’t ik berne waard, dat sels ha ik gjin herinnerings oan him en kin ik syn gesicht inkeld fan in pear swart-wyt foto’s. Schelte de Boer hie in VW-buske dêr’t er de doarpsbern fan it iene nei it oare doarp brocht. De Kristlike bern nei de Kristlike skoallen, sawathinne. Unfoarstelber eins, salang is soks no ek wer net lyn. In protte bern en folwoeksenen kamen sa mei Scheltebuske yn ‘e kunde.
Mei de Krystdagen fiere wy it libben altyd mei de De Boer-tûke, jong en âld sammelet op ‘e Jouwer en mei ús allen swetse we hiel wat ôf. Us tante hie in kranteknipsel en in âlde foto yn de list fan ‘e spegel skoot, ik bleau der eefkes foar stean. It wie in knipsel oer Scheltebuske en op de foto stiene pake en beppe beide, blier laitsjend mei in slokje yn ‘e hân en in sjekje tusken de fingers. Us beppe stoar 22 letter mar ek sy wurdt yn it doarp noch faakris oanhelle en at ik nei de foto sjoch begryp ik wol wêrom; de wille spat derôf.
Ik woe hielendal net de sentimintele kant út *skoptkont* mar ik woe it hawwe oer it ferburgen ferline fan je wenplak. Sa no en dan hear ik:
“Dy-en-dy hawwe dêr wenne, o en sy-en-sy ek”
“Hasto dy-en-dy noch wol kinnen?”
“Hoelang is dy winkel no eins fuort?”

Yn ús hûs wenne in gesin mei alve persoanen. Heit, mem, de bern en in beppe wol’k leaue. Op souder siet yn de oarlochsjierren in ûnderdûker. Njonken ús wie it postkantoar, noch in hûs fierderop wie de slachterij. Folkert Hiddinga en Durk Talsma wennen earder ek yn dizze strjitte, Pier Koopmans in eintsje fiederop [se neamden it pear Pieranne – ik miende doedestiids dat dit harren beider namme wie…] wie de skilder en Aebe Haima wie de húsdokter. Hanso Idzerda, ek grut wurden yn it doktershûs, hat noch les hân yn de âld skoalle, dy’t nei desennia in winkel west te hawwen yn de kommende jierren wer yn syn âlde gloarje hersteld wurde sil.
Iksels soe it moai fine at alle Fryske kearnen fertsjintwurdige binne op Dorpscanon.nl mar in digitale plattegrûn mei by elts hûs, gebou of werkenningspunt de ferhalen fan doe, soe ek wol wat wêze: Wa, wat, wêrom, wannear, mystearjes, wûnders, swetsferhalen.
Oan de oare kant, foar wa soene je soks útsykje..?
Wa wol witte wa’t wêr krekt wenne hat, wa hat der belang by om te witten hokker winkeltsjes as der wiene – no kinne je ommers op aardich wat doarpen hielendal neat mear krije. Soe it wat wêze om de oantinkens oan minsken, ferfleine tiden en sokke ‘neatsizzende’ skiednissen op sa’n wize te behâlden, of kin ik better fierder dreame en gewoanwei harkje nei de ferhalen fan in âldere generaasje? Of sil ik de pinne opkrije en sels ferhalen optekenje. Oer twa jier is it nammentlik 125 jier lyn dat ús muzykferiening oprjochte waard; de ferhalen binne noch altiten te hearren, op Delpher binne âlde advertinsjes en artikels te finen: Foar 50 sint sietest by in konsert op de earste rij, gehuwden en ongehuwden wiene net tagelyk wolkom en nei ôfrin wie der bal. Sil ik dan dochs dat stikje skiednis nochris yndûke? Gewoan, omdat it kin?

Noch even neisjen/lêze:
*Omrop Fryslân: IDZ de earste 
*Blog Janneke de Boer: Nuvere Skutters

Tekst: Janneke de Boer
Foto’s: Pake & Advertinsje Fanfarekorps

Deel dit bericht: