Janneke de Boer: Sosjale druk

Janneke de Boer: Sosjale druk

24 oktober 2017


Fan ‘e wike kamen myn âld-klasgenoaten en ik werris by elkoar. Wy hiene elkoar in hiel skoft net sjoen, mar ik fiel my altiten o sa thús by dizze froulju. Wy hawwe dan ek in mienskiplik ferline; ús jeugd brochten wy mei ús allen troch. Hutten bouwe, sletsje springe, fereale wêze en folwoeksen wurde yn ien fan Fryslâns doarpkes.

Yn in winerich Ljouwert waard alles besprutsen. Trijentweintich jier nei’t ús skoalmaster ús útswaaide binne wy wat wizer en wat grizer wurden. In wrâldreis foarme, in libbensbedriigjende oandwaning feroare en in burn-out wizige de wize wêrop’t men nei it libben yn al har fazes sjocht.
Immen fûn dat burn-outs yn uze generaasje wol in hiel faak foarkommend ferskynsel wiene. In oarenien hie lêzen dat dit oan dizze generaasje leit; yn wolfeart grutwurden, easkje it measte fan harsels en Yolo (je libje gjin twa kear – so to speak) dus helje alles út it libben wat deryn sit. Mei in omwei kaam de fraach boppe driuwen oft ús grutte gefoel fan ferantwurdlikens faaks syn boarne yn ús mienskiplike jeugd hie. Ast op in doarp wennest, stekst de hannen ommers út ‘e mouwen: Draaist in bartsjinst, leist linen of skriuwst de doarpskrante fol. En dat dochst ek ast it drok, of ris gjin nocht hast. Us mem seit dan ek wol; ‘Kin net leit op ’t tsjerkhôf en wol net leit dernêst.’
En sa wurket it neffens de freondinnen en my op in doarp ek. Of dochs net?

Wy fregen ús ôf oft it oan ús bertedoarp lei, of dat soks op de measte doarpen gewoanwei sa wurket. En wêrom lizze je elkoar dy druk op?
Is soks om’t it doarp oars as in plumpudding yn mekoar stoart?
Is it om’st dy bewize wolst; sjochris wat ik allegearre doch foar ‘ús’?

Dochst it om’t it dy sa leard is?
Dochst it om’t it sosjaal winsklik is?

Of komt it faaks om’t it gewoanwei dyn rol yn dyn wenplak is?
En ast dy dan al in slach yn ‘e rûnte frijwilligerst, wêrom seist dan op eltse fraach ja. Nee is dochs ek gewoan in antwurd.

Wy kamen der net alhiel út en in dei letter skeat my it petear tusken Bart Kingma en Marijke Roskam yn it Omrop Fryslân programma Fiel de Nacht yn ’t sin. Sy hiene it oer sosjale druk op in doarp, eat wat ik herkende en opskreaun hie. Want wat as men dy freget om, ik neam mar wat, te timmerjen yn it doarpshûs en do wolst hielendal net. Seist dan datst net kinst, seist dan datst net wols of fytst mei tsjinsin, mei ark en reau op ‘e pakjedrager, dochs nei it oanbelangjende doarpshûs? Soest dêr gjin sosjale burn-out fan krije kinne, sadatst noait wer in finger útstekke wolst of kinst yn dyn wenplak? Kin sosjale druk sa heech wêze dat men him net (mear) oan frijwilligerswurk weagje wol?
It kin fansels ek sa wêze datst dyn dierbere frije tiid net oan frijwilligerswurk spandearje wolst, mar datst dy ék net op dyn gemak fielst ast nee seist. Fynst it sneu om nee te sizzen, dus giest mar wol.

Op in doarp hat elts syn of har rol en as eltse ynwenner ynset wurdt op syn kwaliteit komt dit miskien de leefberens en ynsetberens wol te’n goede.
Goed foar elts, goed foar it wenplak, goed tsjin sosjale druk.
At de jaknikkers ris wat faker nee sizze, dan knikke de neeskodders ris wat faker ja.
En boppedat, miskien, is ek gewoan in antwurd.

Deel dit bericht: