Janneke de Boer: Wa hat it antwurd?

Janneke de Boer: Wa hat it antwurd?

27 juli 2018


Trije bestjoersleden dy’t ferhûzje, foar mannich bestjoer in ramp. Foar Driezum-Wâlterswâld miskien de ûndergong fan doarpshûs De Nije Warf.

Marten Faber, foarsitter en al mear as 10 jier in sit yn it doarpshûsbestjoer, op Omrop Fryslân: ,,Wy freegje minsken wol om te partisipearjen, mar dan wurdt it gauris muoilik. Minsken hawwe it allegearre drok, it binne ‘tweeverdieners’, hawwe bern dy’t te sporten moatte; minsken hawwe sels al fan alles te dwaan. Foar ienmalige projekten en aksjes kinne je faaks wol frijwilligers krije, mar oan in bestjoer sitte je meastentiids meardere jierren fêst en dat wolle in protte minsken net mear. Wy binne as sittende bestjoersleden al in pear jier trochgien, aksjes om nije minsken yn it bestjoer te krijen smieten alle kearen neat op. Spitigernôch hawwe wy dit jier te krijen mei in ‘samenloop van omstandigheden’; der ferhûzje trije bestjoersleden…”
At der foar septimber gjin nije oanmeldings komme, sil it doarpshûs nei fyftich jier tichtgean.

At ik soks hear, tink ik ‘dat sil wol in slach tafalle, net?’ mar Faber en konsorten lûke al langer oan de belle. Fansels binne der yn de rin fan ‘e jierren saken feroare en wurdt frijwillich bestjoerswurk yn it algemien hyltyd minder graach dien.

Mar is it net saak om soksoarte funksjes fleksibeler te sjen? Doe’t ik yn 2014 in saneamde sabbatical (fan myn frijwilligerswurk wolteferstean) woe om my in winterlang earne oars mei dwaande te hâlden, wie dit gjin probleem. Ik sei ta dat ik yn it nije seizoen wer oanskowe soe en dat wie dat. Ek no’t ik it oanbelangjende bestjoer krektlyn farwol sein ha, om in oare doarps-bestjoersfunksje op my te nimmen, luts nimmen in soer gesicht.

Yn Driezum-Wâlterswâld siket it doarpshûsbestjoer minsken mei kunde fan subsydzjes en fûnsen en ek minsken mei in juridyske eftergrûn, stiet op harren webside te lêzen. Ik wol net ‘bemoeie’, net op de man spylje, mar soe dizze fraach al net in drompel wêze? In bestjoer moat in ôfspegeling wêze fan in doarp (of fan de leden), kundich ek, mar je kinne foar bepaalde saken ek seker help fan bûten ynroppe. Faaks is dyn buorman hiel handich mei it ien oft oar, en dy-en-dy kin miskien wer mei oare saken helpe. Minsken wolle wier wol graach in hân útstekke. Sjoch nei de Fryske keatsferienings; op ferskate plakken kin men gjin foltallich bestjoer mear foarmje, mar wolle ynwenners fan datselde doarp wol yn kommisje- of projektfoarm de mouwen opstrûpe.

Lêst sei immen ris tsjin my, dat al dy bestjoeren en bestjoersfunksjes op de doarpen bot achterhelle wiene, net mear fan dizze tiid: ,,Noch eefkes en dan wol gjinien soks mear dwaan.”
Ik wol, earlik sein, net leauwe dat soks hiel snel barre sil, mar der sit grif in kearn fan wierheid yn. Gjin nijs foar jimme miskien.

Mar wa of hokker doarp hat hjir in goed antwurd op?

Deel dit bericht: