Janneke de Boer: Wenwinsken

Janneke de Boer: Wenwinsken

10 december 2018


De Twintske krante Tubantia docht ferslach fan in byienkomst foar jongerein yn Bornerbroek, wat yn ’t fermidden leit fan de wyk Windmolenbroek en de buorskippen Enterbroek en Deldenerbroek ; ).
Yn gearwurking mei provinsje Oerisel wol de OVKK (Overijsselse Vereniging voor Kleine Kernen) nammentlik yn kaart bringe wat de wenwinsken fan jongerein út dizze krite binne. Thijs Elderink fan de OVKK seit dat jongerein, yn de âldens fan 18 oantemei 35 jier, tusken wâl en skip falle wat it wenjen oanbelanget: ,,Vaak verdienen ze net te veel voor sociale woningbouw maar verdienen ze te weinig om een hypotheek te kunnen krijgen.’’ Tagelyk jout Elderink oan dat dizze doelgroep ek wol wat mear realiteitssin brûke kin, net eltsenien kin yn in frijsteand hûs mei moaie tún en grut hok, wenje. Dêr is yn Nederlân gewoanwei net genôch romte foar. Oplossings dy’t dêr beneamd waarden wiene:

  • Earst hiere en sparje foar in eigen hûs
  • In ienmalige koöperaasje oprjochtsje
  • Undernimmers fine dy’t út maatskiplike belutsenens akkoart geane mei legere hieren
  • Besteande gebouwen transformearje nei betelbere hierwenten

Genôch oer Twinte.
Hoe sit it mei de Fryske jongerein? Wêr bedarje sy nei in stúdzje yn Grins, Swol of Utert? Wat wolle sy nei dy wrâldreis nei Australië of Nij Seelân? Hat Fryslân op wurkgebiet genôch te bieden? Sa ja, wêr wol men dan wenje? Yn in stêd, in grutte kearn of kieze se foar in smûk doarpke?

It tekoart oan wenromte herken iksels út de omjouwing. Doarpen dy’t ‘op slot’ sitte, dêr’t gjin nijbou mooglik is. Doarpen dêr’t gjin ferrin yn bewenners is. Doarpen dêr’t de hierwenten ferkocht wurde. Sa wie it yn myn eigen doarp ek. Jierrenlang. Jongerein dy’t op har bertegrûn wenjen bliuwe woe, dêr wie gewoanwei gjin plak foar. Der wie gjin ferrin, der waard net nij boud, hierwenten waarden ferkocht en at der dan in hûs te keap kaam, wie it finansjeel sjoen foar starters net op te bringen.

Mei it fuortgean fan jongerein, ferliest in doarp in seker part fan syn wêzen. Wat an sich net slim hoecht te wêzen, nij bloed bringt fansels syn eigen pluspunten mei. Wol kin it sa wêze, dat it der foar soarget dat de mienskipssin mei de jierren ferlern gean kin. De jeugd moat ommers skylk de lytse maatskippij dy’t in doarp of kearn is, drage kinne. De jeugd binne dochs de nije bestjoerders, de nije dielnimmers, de nije oanfiteraars en de nije ferbiners. In oplossing ha ik net, mar it docht my deugd fertelle te kinnen dat ik it op de ien of oare wize yn myn eigen doarp kanteljen sjoch, foar sa lang as it duorret fansels. Eat dêr’t ik oe sa bliid fan wurdt; jongeren komme werom of bliuwe en fine harren eigen thús yn it doarp dat har leaf is.

It besoarget my pikefel, want ek al is it gjin garânsje, it betsjut wol dat it doarp libben is én bliuwt de kommende jierren.

Artikel Tubantia

Deel dit bericht: