Richt Sterk: In prachtige baan

Richt Sterk: In prachtige baan

23 augustus 2017


Ik bin no in pear moanne oan it wurk as adviseur foar Doarpswurk. In prachtige baan dat neffens my in maatskiplik tafoege wearde hat.  Tajûn, wat demokratyske fernijing no krekt ynhold, dat wist ik yn it foar net. Leefberens is, krekt as demokratyske fernijing, in breed begrip. In moaie definysje hearde ik by in presintaasje fan in professor op dat mêd: “de mate waarin de leefomgeving aansluit bij de voorwaarden en behoeften die er door de mens aan worden gesteld” (Leidelmeijer et al. 2008). Leefberens is dus net iets wat subjektyf te bepalen falt, mar is ôfhinklik fan it yndividuele ferlet fan in minske.

Wurkjen by Doarpswurk betsjut dat je te krijen hawwe mei aktive mienskippen dy’t wat foar in doarp en harren ynwenners betsjutte wol. Mei-inoar stiet dêrby sintraal. Ien fan de wichtichste útkomsten fan de Fryske Doarpetop is dat de oerheid fasilitearjend wêze moat foar inisjativen út de mienskip wei. Minsken wolle net dat allinnich de gemeente beslút oer harren leefomjouwing, mar sels ideeën oandrage en meitinke.

De Ondernemende burger, ek wol de “bewondernemer” neamd, is yn.

Dat freget in soad fan de boarger, mar ek in oare sjenswize fan de polityk. Dy krije in mear fasilitearjende en begeliedende rol en moatte ôfstappe fan de wize ‘hoe’t it altyd gong’.

Oan de oare kant rinne pleatslike belangen en doarpsbelangen tsjin it probleem oan dat it hieltyd dreger is om minsken te krijen foar bestjoersfunksjes. Foar in koartrinnende, konkrete aktiviteit wolle minsken noch wol yn it spier komme, mar foar bestjoersfunksjes rinne hieltyd minder minsken waarm. Dat is ek part fan de realiteit. Dit liket yn paradoksaal ferbân te stean mei it feit dat in groeiende groep fynt dat aktiviteiten mear fan ûnderop komme moatte en dat minsken mear sels dwaan moatte of krekt mei-inoar. Net oeral is dy sosjale kapasiteit of inisjatyfnimmer oanwêzich om dat fan de grûn te krijen. Dêrneist fine ek genôch minsken it noflik dat de gemeente der foar soarget dat de blommeperkjes skoffele wurde en dat de skeve stoeptegel wer rjochtlein wurdt. Der moat sadwaande in middenwei fûn wurde tusken inisjativen fan ûnderop en de fersoarging fan boppe-ôf.  Dat freget fleksibiliteit, moed, mar ek de reewilligens om te learen fan sawol oerheid as boarger. Dêrom sil de funksje fan adviseur fan doarpshuzen, doarpsbelangen en boargerinisjativen noch tige nuttich bliuwe!

Deel dit bericht: