Doarpsbelangen

Doarpsbelangen

Ferieningen fan Doarpsbelangen
binne oansprekpunt en fertsjintwurdigers fan de doarpen

Twatredde fan alle Friezen wennet yn in doarp. Karakteristyk foar Fryslân is dat it sa’n soad lytse doarpen hat: Fryslân telt 348 doarpen mei minder as 1.500 ynwenners. Fan dy 348 doarpen hawwe goed 200 sels minder as 500 ynwenners. Hast al dy doarpen hawwe in “Feriening foar doarpsbelang” of “Pleatslik Belang”.

Doarpsbelangen binne ferienings dy’t opkomme foar it algemiene belang fan de ynwenners fan it doarp en dy’t it doarp nei bûten ta fertsjintwurdigje. Se dogge dat op ferskate wizen: aktiviteiten organisearje, plannen meitsje, projekten yn eigen behear útfiere, oerlis fiere mei de gemeente oer ûntwikkelings, ensafuorthinne. De Doarpsbelangen binne in belangryk oansprekpunt foar oerheden en maatskiplike organisaasjes en wurde sjoen as in folweardige partner. Inisjativen fan de doarpen út, gauris nommen troch doarpsbelang, soargje derfoar dat doarpen hieltyd mear sels harren takomst bepale. Fan dat perspektyf út besjoen is de partisipaasjemienskip foar Friezen al jierren realiteit.

In stikje skiednis

In soad doarpsbelangen binne yn it begjin fan de fyftiger jierren oprjochte, doe’t de takomst fan in protte doarpen bedrige waard. Bewenners fan de doarpen organisearren har om it driigjende teloargean fan ekonomyske dragers en it dêrút folgjende leechrinnen op te fangen. It provinsjaal bestjoer, de gemeenten mar benammen ek de ynwenners fan de doarpen waarden har dêrfan bewust dat der wat dien wurde moast omdat de leefberens fan harren doarp faai stie. Yn de provinsje Fryslân waard stipebelied foar lytse kearnen ûntwikkele en doarpsbelangen spilen dêr in belangrike rol yn as oansprekpunt en fertsjintwurdiger fan de doarpen.

Doarp as mienskip

Njonken it omtinken foar de eigen buert en de wurkgelegenheid op it plattelân, joegen de ynwenners fan de doarpen oan dat se it belangryk fine dat alle doarpen in akkommodaasje foar it sosjaal-kulturele libben hawwe. Want al ferlear it doarp in soad fan de âlde bedriuwichheid, it doarp as mienskip bleau bestean en hie net folle te lijen ûnder de rappe feroarings op it Fryske plattelân.

Deel deze pagina: