Doarpswurk

Doarpswurk

Doarpswurk stipet inisjativen dy’t de leefberens op it Fryske plattelân fersterkje. Wy dogge dat troch doarpsbelangen, doarpshuzen en inisjatyfgroepen stipe te jaan by harren wurk. Sa helpe wy bygelyks by it oanfreegjen fan subsydzjes, it ferduorsumjen fan in doarpshûs, it ûntwikkeljen fan in doarpsfisy en it opsetten fan in wentekoöperaasje. Wy begeliede, mar nimme it proses net oer. De ideeën en ûntwikkelings binne fan it doarp sels en passe dêrtroch yn de mienskip.

Wy binne krekt efkes dy stipe yn ’e rêch dêr’t men soms ferlet fan hawwe kin en biede de kennis oan dy’t faaks yn it doarp net oanwêzich is. Wy bondelje en keppelje inisjativen oaninoar en bringe doarpen dy’t yn deselde prosessen sitte mei-inoar yn kontakt. Dat is de krêft fan Doarpswurk.

Hawwe jo in idee of inisjatyf op it gebiet fan duorsumens, leefberens of sosjale ynnovaasje? Nim dan kontakt mei ús op!

Wolle jo mear witte? Lês dan fierder.

Deel deze pagina: