Duorsume mienskip 2.0

Door 12 september 2017Blog

Jongeren oanlûke as frijwilliger: It stiet heech op mannich aginda. Faaks bliuwt it dêr ek stean, op dy aginda. Want hoe pakke je soks no eins oan, mei jongerein?

Harren freegje wat se fan harren omjouwing fine, hawwe sy miskien konkrete ideeën om saken te ferbetterjen? Soks kin in wize wêze om jongeren by harren omjouwing te belûken. Mar, wat makket jim organisaasje spesjaal, wat moat immen derfoar oer hawwe om frijwilliger te wurden en te wêzen en last but not least: wa binne jim konkurrinten?

Mannich feriening of organisaasje sil ier as let te meitsjen krije mei it tebekrinnen fan it ledetal. Hoe dan ek, in stabyl tal leden of frijwilligers is meastentiids tige wichtich. Oanwaaks faakris ûnmisber.

Foar’t ik fierder de wiisnoas úthingjen gean, earst eefkes dit:
Yn gemeente Littenseradiel wurdt al sûnt 1972 de Spulwike organisearre. De wike fol wille foar basisskoallebern spilet him ôf yn trije doarpen en is al 45 jier wis fan bulten bern én bulten jonge frijwilligers. Hoe dogge sy dat?

(Earlik is earlik; út eigen ûnderfining as bern, lieding en mem wit ik dat Spulwike in soarte fan firus is; ienris meidwaan en je binne samar ferslave)

Spulwike is in organisaasje dy’t bestiet út jongerein, guon mei inkelde jierren ûnderfining, guon sûnder ûnderfining. In sterk pluspunt. Elts kin lieder wêze, ast dy mar ynsette wolst foar it hegere doel: ‘Wy dogge it foar de bern’. Noch in plus. De lijnen binne koart, de organisaasjestruktuer helder. Opnij, in sterk pluspunt. Boppedat hat Spulwike sawat gjin konkurrinsje op it mêd fan ferlykbere organisaasjes. Spulwike bringt de jonge frijwilligers in wike fol wille, it bringt se freonskippen foar it libben en foar guon sil miskien de feestjûn de trochslach jaan om mei te dwaan. Ek dat heart der by. Mei troch boppeneamde punten wolle al dy jongeren harren fakânsje opofferje. Dát makket Spulwike spesjaal.

Werom nei wat ik eins sizze woe, mei de juste minsken op it juste plak en passy foar it ûnderwerp kin in ferskaat oan organisaasjes neffens my genôch jongerein oanlûke. In entûsjast bestjoer dy’t mei in enerzjike weach syn passy ferspried. En, wier net ûnbelangryk, wat krijt jim frijwilliger wer werom? Is it in part libbensûnderfining, in bulte wille, freonskippen foar it libben, in groepsgefoel of is it miskien sa dat harren frijwilligerswurk wichtich is foar it yn stân hâlden fan harren wenplak?

Boppeneamd foarbyld, Spulwike, is fansels gjin trochsneed aktiviteit, oantrekliker miskien ek dan de deistige saken dy’t yn in doarp of wyk dien wurde moatte. Dochs lizze beide saken net sa fier fan mekoar ôf. Neffens my is it saak om jongeren op entûsjaste wize binnen te heljen. Freegje harren foar it jeugdhonkbestjoer, de aktiviteitekommisje, de merkekommisje, lit har in eigen festival organisearje of jou harren in oare útdaging dêr’t sy séls de toutsjes by yn hannen hawwe. Jou betrouwen, krij betrouwen.

Troch soksoarte -léuke- ûnderfinings komme sy yn ‘e kunde mei ferskate ferantwurdlikheden, ek al wurde der somtiden grinzen oerskrieden, en kinne je harren, yn myn optyk, stap foar stap opliede ta de nije generaasje frijwilligers binnen in mienskip of organisaasje.

Tekst: Janneke de Boer

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone