Fûns: Doarpshuzen foar Doarpshuzen

Fûns: Doarpshuzen foar Doarpshuzen

De mear as 230 doarpshuzen yn Fryslân, faak foar it grutste part troch de doarpsbewenners sels boud, binne it libbene bewiis fan de grutte belutsenes yn in mienskip dêr’t men foar elkoar klear stiet.

Eltse mienskip hat om te funksjonearjen in akkommodaasje nedich dêr’t men elkoar yn moetsje kin en wer’t men aktiviteiten ûntwikkelje kin. Ek yn minder rike- en net westerse lannen is der ferlet fan.

Sûnt 2003 bestiet it Fûns ‘Doarpshuzen foar Doarpshuzen’. Dit fûns is bedoeld om bouprojekten fan doarpshuzen finansjeel te stypjen yn lannen wer’t men it mei folle minder jild dwaan moat as wy yn it rike Nederlân. De finansiering fan doarpshuzen yn de earme lannen is faak in grut probleem. Omreden dat it giet om folle legere bedragen dan wy hjir wend binne kin in, foar ús begrip beskieden bydrage, dêr fan grut belang wêze.

It Fûns ‘Doarpshuzen foar Doarpshuzen’ kin op beheinde skaal finansjele stipe jaan. Hjirfoar binne in oantal ienfâldige noarmen ûntwikkele.

De finansjele stipe stiet foarop, mar sa’n inisjatyf draacht ek by oan it bewust wurden fan de problematyk fan earme lannen en jout útering oan it gefoel fan ferbûn wêzen tusken doarpshuzen oer de hiele wrâld.

It Fûns is yn earste ynstânsje fuld mei de bydragen dy’t de Stichting Samenwerking van Dorpshuizen (SDF) krigen hat yn ferbân mei har 25 jierrich jubileum. Yn 2006 is de SDF tegearre mei de FLD (de stipe organisaasje foar doarpsbelangen) fierder gien as de stichting Doarpswurk. Letter binne der sa no en dan bydragen en opbringsten fan aksjes ten goede kommen oan it Fûns.

De earste bydrage is yn 2003 jûn oan in doarpshûs yn Nepal: Musahar Doarp. It is gjin doarpshûs sa at wy dat hjir bouwe soenen. It bestiet út in dak op stielen peallen dat de 170 bewenners út de waarme sinne en de fûle rein hâlde moat. Muorren ûntbrekke omdat de rivier, wêr’t it doarp oan leit, it gebou by oerstreamingen meinimme soe.

Nêst it doarpshûs yn Nepal binne doarpshuzen stipe yn û.o. Senegal, Litouwen en Bolivia. Doarpswurk draacht der ek oan by, net yn de foarm fan in finansjele bydrage mar troch kennis en kunde oer te dragen, sa as yn 2015 yn Tanzania.

Doarpswurk wol graach it Fûns ‘Doarpshuzen foar Doarpshuzen’ by eltsenien ûnder de oandacht bringen. Miskien binne jo belutsen by in inisjatyf om in doarpshûs te realisearjen yn in earm lân wêr’t it jild in probleem is. Yn dat gefal graach kontakt opnimme mei Doarpswurk.

Ús fûns kin dan miskien in helpende hân biede.

Hawwe  jo in idee of fraach, nim kontakt mei ús op fia: info @ doarpswurk.frl

Lês foar ynspiraasje de berjochten oer dit ûnderwerp
*Tanzania connectie
*Jaap Koen Bijma: Global goals, local communities

Deel deze pagina: