Janneke de Boer: Kneppels

Door 15 juni 2017Blog

Ein maaie waard der yn Ljouwert in jûn organisearre, mei as tema ‘Hoe fier soesto gean foar it Frysk?‘. Kneppelwoansdei wie de dei doopt, fansels mei in wink nei Kneppelfreed (googleje dat mar eefkes). De jûn waard presintearre troch de sawat flaterleas Frysk pratende Frânsktalige Tatiana Pratley en Nynke Heech, dy’t laitsjend en mei selsspot oanjoech harsels ek as typysk Frysk te sjen. Oanlieding wie in serieuzere en aktuele saak: De Belestingtsjinst lit it brûken fan de Fryske taal net mear ta yn de jierferslaggen fan ferienings en stiftings. Inkeld it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk of Papiamintsk soe brûkt wurde meie. Ferslaggen yn de twadde rykstaal wurde wegere. Soks bringt Fryske stiftings en ferienings yn ‘e knipe, de organisaasje achter dizze jûn frege him dan ek ôf oft it miskien tiid wie om de kneppels wer op te pakken.

Yn in promoasjefilmke foar de oanbelangjende jûn sei in frommeske, ‘It Frysk is it fjoer yn myn hert’. Iksels tink ek dat it Frysk by in protte Friezen de taal fan it hert is, de taal wêryn’t je weromfalle as it derop oankomt. Boppedat foarmet it neffens my ek de basis fan in protte Fryske mienskippen. It is de taal wêryn’t wy wolkom hite, tsjoch sizze en ôfskie nimme. It is de taal wêryn’t wy fuotbalje, keatse en kuorbalje. De taal fan feesten, moetings en jiergearkomsten. It is, oer it generaal, de taal dy’t by ús Friezen heart en sadwaande ék yn de jierferslaggen heart en dêryn opnommen wurde moat.

Dêrnjonken waard it Frysk inkele jierren nei de slach op it Saailân de twadde rykstaal fan Nederlân. Mar, sa’t it no liket, mei jim doarpsbelang, jim keatsferiening, jim multifunctioneel centrum en alle oare ferienings en stiftings dy’t belestingplichtich binne de twadde rykstaal, it Frysk, net mear brûke yn harren jierferslaggen.

Litte wy ús fertelle dat wy dizze rykstaal net mear brûke meie? Of is it no dochs tiid om séls de kneppels op te pakken?

Sjoch ek by Kneppelfreed 

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone

Laat een reactie achter