Janneke de Boer: Passy

Door 6 april 2017Blog

Lêsten wie ik by tafal op besite by in feriening, de namme neame soe oerstallich wêze. It wie in sportferiening yn in stêd dêr’t men ék lêst hat fan de krimp. Al sil in trochsneed doarpsbewenner him dêr net in soad by foarstelle kinne. Sy hawwe dêr dochs alle foarsjennings by de hân, wat seure se dan?

In belutsen bestjoerder die út ‘e doeken dat it lang ferrekte dreech west wie om de leden aktyf te hâlden en jongerein te lûken. Der wie yn dizze stêd safolle te kiezen.

‘Wy hiene de konkurrinsjestriid mei oare sporten hjir yn ‘e stêd ferlern,’ sei de bêste man oer it ferlies fan oanwaaks en miskien, sei er, hiene se ek wol ergens in fernijende ôfslach mist.

Om nei de kearn fan myn ferhaal te gean, sy hiene de handoek yn ‘e ring goaie kinnen. Stekker derút. De bile derby del goaie. Der hie gjin hoanne nei kraaid.

Mar nee, neat dwaan is it begjin fan de dea en dit bestjoer sette de skouders derûnder. Mei passy en fol fjoer hawwe sy it oprêden om yn mar trije jier tiid fan gjin jeugdleden nei mar leafst 30 (!) jeugdleden te gean. In knappe prestaasje dy’t te tinken jout. Wêrom donderje de korpsen hjir by boskjes om, wêrom slute safolle doarpswinkels de doarren, wêrom doeke sportferienings op?

Net inkeld troch de saneamde krimp dêr’t wy yn Fryslân de mûle fan fol hawwe, tink ik, mar ek troch it ûntbrekken fan passy. It ûntbrekken fan fjoer. It ûntbrekken fan belutsenens.

Wêr is dy Fryske koppigens, dy Fryske eigenwizens op it momint dat de leefberens fan harren wenplak yn it gedrang komt?

Miskien, en mei in bystje gelok, fynt immen dêr op social media dan wat fan. Of der wurdt foar ‘t ien oft oar in online petysje úteinsetten. En dêr hâldt it op.

Dêrnei krûpe wy allegear wer lekker werom yn ús waarme kokon mei de tomme scrollend it wrâldnijs by’del.

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone