Janneke de Boer: Ring-tot-ring-wei

Door 11 mei 2017Blog

Ik ha maklik praten, myn ritsje nei it wurk is oersichtlik en ienfâldich. Boppedat wurkje ik spitstechnysk sjoen ek noch oan de goeie kant fan Ljouwert, yn in lyts kertier bin ik te plak.

Mar, ik kin my best yntinke dat forinzen dy’t alle dagen fan Snits nei Ljouwert en wer werom kloatsekje moatte, skjin harren nocht hawwe fan de N354. It is fansels ek in âlderwetske, slingerjende, omriidrûte. Boppedat, binne der te faak ûngemakken.

As it oan my leit, pakke se de N354 oan en ketse se it plan rûn de nij oan te lizzen ring-tot-ring-wei ôf, in nij trasee lâns it spoar Snits-Ljouwert. En wol om deselde reden as dy’t Hayo Apotheker oanhelle by Omrop Fryslân: ‘En no’t de ring Snits klear is en de heak om Ljouwert klear, toen tochten wy, we hawwe wat ferjitten: Wy moatte neitinke oer in ring-tot-ring-wei.’

Ja, presys, ik sis mar eefkes neat oer it feit dat se dizze rûte blykber gewoanwei hielendal fergetten wiene.

Wy meitsje ús soargen om skries en ljip, hawwe lânskipspine, mar smoare like leaf tsien doarpen én de natoer hjiromhinne yn it asfalt?

Dyselde Apotheker helle by de Ljouwerter Krante oan dat it in enoarme ynvestearring ferget: Miljoenen foar grûnwurk en it oanpassen fan de ynfrastruktuer.

Hy sei: ‘Het is een Friese discussie om de hoofdinfrastructuur af te maken.’

Ik tink just dat de diskusje wêze moat hoe’t yn Fryslân minsk en miljeu njonken elkoar yn harmony libje kinne. Oft it no giet om de Sintrale As, de Heak, ring Snits of it oanpassen en ferlizzen fan de N354. Fryslân is ommers mar sa lyts, it is gjin Australië!

Gelokkich wie dêr deputearre Poepjes, se hie it teken helder trochkrige en sei yn april tsjin de Ljouwerter Krante dat se de ferkearsfeiligens fan de besteande rûte ûndersykje litte soe. En, sei se: ‘Dy (nije) dyk moat der net komme.’

Jûchhei.

O, en ferjit net, nei de weryndieling krije guon gemeentes der peareltsjes fan doarpen en natoergebieten by. Behannelje dizze dan ek sa en smoar se alsjebleaft net yn asfalt en beton.

Deel dit bericht:Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInEmail this to someone

Laat een reactie achter