Janneke de Boer: Serious Doarpsbudzjet

Door 26 maart 2018Blog

Bingo! Us doarp is de winner!
Nee.., net fan de Postcode Loterij, mar fan it testen fan de Serious Game fan Rijksuniversiteit Groningen en Partoer. De earste jimme wolbekend, de twadde in ûndersyksburo mei each foar de leefberens yn Fryslân. Wûn hawwe wy de jûn trouwens net, hear. Elts doarp en eltse feriening of organisaasje dy’t hjir belang by hat kin him opjaan foar dizze pilot en in fraachstik yntsjinje. Mei de jûn sels falt wól wat te winnen: Ienridigens. It projekt Serious Game is in ferfolch op it ûndersyk nei berikbere foarsjennings yn Noardwest Fryslân. Serious Game moat in metoade wurde om it meitsjen fan besluten yn it belang fan foarsjennings ienfâldiger te meitsjen.

Ynset fan ús Serious Game is it ferpartsjen fan it doarpsbudzjet, in folslein nij fenomeen foar dit doarp. Sûnt bekend waard dat wy fan 2018 ôf ûnder de gemeente Ljouwert falle, salang is ek bekend dat it mei de, foar guon ferienings needsaaklike, subsydzje dien wêze sil. Der wurd omraak sokstoppe.
No kinst sizze ‘at je sûnder subsydzje gjin besteansrjocht hawwe, dogge je it net goed’, mar sa ienfâldich stekt in lytse mienskip net altyd yn elkoar. Sa is bygelyks de animo der gauris wól, de sinten om it materiaal oan te skaffen nét. Doel fan de Serious Game is om ferskate partijen mei elkoar yn kontakt te bringen. It boartlike karakter ferliedet de dielnimmers ta it besprekken fan, somtiden drege, senario’s. Spulrigels en in ûnôfhinklike spullieder binne ûnmisber om dit proses yn goede banen te lieden.

Guon oanskowende partijen krigen yn it ferline gjin subsydzje, oare ferienings krekt wol. Mar dan miskien wol wer minder dan in tredden. Wêrom’t earder de skieding der lei yn de hichte fan subsydzjes tusken bygelyks sport- of muzykferienings is my net helder. Wûnderlik, mar somtiden wie der sels sprake fan in skieding tusken it soart lid bínnen ien feriening. Om it mar eefkes platwei te sizzen; in muzykferiening krige foarhinne mear subsydzje foar in blazer dan foar in slachwurker. Juf Ank soe wol sizze: “Dat vinden wij niet vreemd, dat vinden wij bijzonder.”

Doel fan de Serious Game op dizze jûn is dus de ferdieling fan it doarpsbudzjet, no yn hannen fan doarpsbelang. Earlik sein bin ik der sels hiel maklik yn; alle ferienings op in doarp moatte besteansrjocht hawwe. Mei subsydzje wêr noadich, sûnder at dat kin. En mocht it no sa wêze dat sa’n potsje der gewoanwei is, dan ferdiele je it dochs earlik: ‘Do krijst tûzen euro, do krijst tûzen euro én dó krijst tûzen euro!’ Sa docht Oprah it ommers ek.

No sit ik der net al te bot oer yn, mei in stikmannich folwoeksenen om tafel komme je der neffens my grif wol út. Benammen om’t je allegearre it bêste foar it doarp wolle. Mar wat bart der, net dat uzes dat sit, ast as doarpsbelang mei de hannen yn ’t hier sitst? Dêrom is dêr dus de Serious Game-jûn fan de RUG en Partoer; in ûnôfhinklike partij dy’t it petear stjoert en oandacht hat foar sterktes en swaktes, foar kânsen en bedrigings en oanstjoert op ferskate ûntwikkelings.

Bisto no ek nijsgjirrich wurden nei de Serious Game en wolst hjir graach mear oer witte? Fia de 1ste link fynst mear ynformaasje.
Bist benijd hoe at it no presys sit mei dy doarpsbudzjetten, klik dan troch nei de 2de link.

  1. Partoer   en RUG
  2. Doarpsbudzjet: Eltse gemeente liket hjir in oare namme oan te jaan. Yn gemeente Ljouwert hat it de namme ‘Handboek Gebiedsgericht werken’. Op de website fan de gemeente Leeuwarden fynst dit fia ‘Doe mee in uw wijk of dorp’ en klik de pdf ‘Handboek Gebiedsgericht werken’ oan. Yn de pdf fan gemeente Ljouwert giet it om haadstik 2 en 3.