Janneke de Boer: Twa auto’s foar de doar

Door 25 juni 2018Blog

“Mear dan in kwart fan de Nederlânske húshâldens hat gjin motorisearre ferfiersmiddel ta harren beskikking.”
Ik hearde it nijs op ‘e radio, dat fierder gie mei: ,,Húshâldens op Flylân hawwe mei 68,7% prosint, it minst faak in motorisearre ferfiersmiddel, yn de eardere gemeente Littenseradiel binne de measten te finen, mei 90,4% prosint fan alle húshâldens mei in auto, motor of scooter.”

Ik tocht in trije dingen:
1. Yn it eardere Littenseradiel is it iepenbier ferfier min regele
2. Flylân is autoluw
3. Euhm… wy hawwe twá auto’s foar de doar…

Nijsgjirrich at ik bin, socht ik it ûndersyk op fan it CBS. It docht bliken dat 2,1 miljoen Nederlânske húshâldens net oer in motorisearre ferfiersmiddel beskikt, dat is 27% fan de befolking. Benammen húshâldens yn de leegste ynkommensklasse hawwe net de beskikking oer in (lease-) auto, brom- of snorfys, scooter, motor of bestelauto. Hoe grutter de stêd of hoe mear foarsjennings, des te minder auto’s at der op in lokaasje te finen binne. Fierder stie der te lêzen dat immen yn in stêd, sûnder auto gemiddeld sa’n 500 meter fan in húsarts ôf wennet en 469 meter fan in supermerke. Húshâldens op it plattelân, sûnder auto, wenje troch de bank nommen sa’n 1173 meter fan in dokter ôf en 1143 fan de tichtstebije winkel. Foar sokke ôfstannen soene je gjin auto of soksawat noadich hawwe, fansels. Mar in auto is op it plattelân wol in útkomst. Fansels soene je der sûnder kinne. Dan mar de bern op ‘e fyts nei it fuotbaljen bringe, acht kilometer fierderop. Mar at je as âlder in oere letter bygelyks je dochter by judo bringe moatte, wer noch njoggen kilometer fierder, wurdt it wol wat yngewikkeld fansels.

Dat it iepenbier ferfier yn it eardere Littenseradiel faaks net is om oer nei hûs te skriuwen, dat rop ik mar wat yn ‘e romte. Soks hinget fansels gear mei ‘vraag en aanbod’, mooglikheden, dielname fan de ynwenners en goeie wil fan ferfierders. Guon buslinen ride no as belbus of ride in part fan de dei gewoanwei net.

Al mei al is it neffens my net mear dan logysk dat der op it Nederlânske plattelân, en nei oanlieding fan ûndersteande tabel yn Littenseradiel spesifyk, mear motorisearre ferfiermiddels te finen binne.

Mei it ôfnimmen fan ferskate foarsjennings op it plattelân en yn de doarpen, sille minsken ek mear op in paad gean om dat te dwaan, wat moat.

Yn ûndersteande tabel yn ien oersjoch de lokaasjes dêr’t it nijsberjocht oer gie, it tal motorisearre ferfiersmiddels per lokaasje en de gemiddelde ôfstan nei de tichtstebije húsarts en supermerke.

Lokaasje % Motorisearre ferfiersmiddel (-s) Ofstân ± húsarts Ofstân ± winkel
Flylân 68,70% 0,6 km 0,4 km
Ljouwert 69,80% 1,0 km 0,8 km
Skylge 73,80% 1,4 km 0,8 km
Skiermûntseach 74,20% 05, km 0,6 km
De Fryske Marren 87,30% 1,8 km 1,2 km
Ferwerderadiel 87% 1,1 km 1,2 km
Menameradiel 89% 1,2 km 1,6 km
Littenseradiel 90,40% 2,0 km 2,3 km

Ik fielde my as part fan in ûndernimmend gesin én as Littenseradielster al wat skuldich mei (dit jier foar it earst yn myn libben) twa auto’s foar de doar…

Boarne nijsberjocht Omrop Fryslân
Boarne ûndersyk, hjir binne ek de CBS gegevens oer de foarsjennings