Missy en fisy

Missy en fisy

“Doarpswurk stipet en stimulearret inisjativen dy’t de leefberens op it Fryske plattelân fersterkje. Doarpswurk leit de ferantwurdlikens en it eigenerskip by it doarp sels del. Dit dogge we troch pro-aktive, ynnovative en tagonklike stipe te bieden oan doarpshuzen, doarpsbelangen en oare boargerinisjativen dy’t de mienskipssin yn doarpskearnen fersterket. We leverje in sichtbere bydrage oan duorsume leefberens op it Fryske plattelân. Under oaren troch it Netwerk Duurzame Dorpen, de Energiewerkplaats en nije demokrasy”.

Wy dogge dit fanút ús oertsjûging dat wy hâlde fan Fryslân.

Pro-aktyf, ynnovatyf en tagonklik stipe biede past yn de tiid fan in him weromlûkende oerheid en it hieltyd mear benutten fan de inisjativen fan de boargers sels. Us doelgroep wit him faak sels goed te rêden. Mar soms is krekt efkes stipe en advys needsaaklik en trochslachjaand foar sukses. Dan is Doarpswurk beskikber, net om de ferantwurdlikheid fan de inisjatyf nimmende boarger oer te nimmen, mar om as it needsaaklik is tydlik te stypjen en te advisearjen.

Us adviseurs helpe de frijwillige bestjoerders fan doarpsbelangen en doarpshuzen. Sy stypje ek oare boargerinisjativen en as it kin wurdt altyd in relaasje lein mei doarpsbelangen. Gearwurking en it dielen fan kennis en ûnderfining dy’t yn de doarpen oanwêzich is, is foar ús in belangryk útgongspunt. Sjoch bygelyks de fraachbaak foar doarpshuzen www.dorpshuizen.nl.

Wy wurkje gear mei kollega-ynstellingen op it mêd fan leefberens, lykas hegeskoallen en universiteiten, leverje organisaasje-advys en behertigje de belangen fan doarpen by gemeenten, provinsje en op lanlik nivo.

Benijd nei konkrete foarbylden? Sjoch fierder by projekten.

Doarpswurk wol ek de oerheid stypje by de nije wize dêr’t de amtner en de politikus harren wurk op útoefenje moatte. De boarger wit hieltyd mear sels wat er wol en kin sels ek in soad. Foar de polityk en de amtner wurdt it no folle mear de fraach hoe mei dy nije boarger as lykweardige gearwurkingspartner om te gean. Op it stuit wurdt in training foar amtenaren en politisy ûntwikkele yn ’e mande mei de gemeenten Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen.

It dielen fan kennis en ûnderfining komt ek ta utering by it Netwurk Duorsume Doarpen?

Duorsume leefberens is foar Doarpswurk gjin loaze gjalp. Mei ús formele opdrachtjouwer Provinsje Fryslân geane wy derfan út dat duorsumens foar alle wurksumheden fan Doarpswurk in belangryk oerkoepeljend tema is. Oft it no giet om it renovearjen fan doarpshuzen, it realisearjen fan in eigen enerzjykoöperaasje of it organisearjen fan de soarch, wy advisearje altyd oer duorsume en helbere trajekten.
Mear ynformaasje is te finen op www.netwerkduurzamedorpen.nl en de Energiewerkplaats.

Binne jo bestjoerder of inisjatyfnimmer dy’t help brûke kin, nim dan kontakt op mei ien fan ús meiwurkers of stel jo fraach fia ús algemiene kontaktgegevens. Dat jildt ek foar algemiene ynformaasje, opmerkingen, ideeën en suggestjes.

Deel deze pagina: