Doarpswurk Mienskip

De Doarpswurk Mienskip is oprjochte nei de Ynspiraasjedei dy’t op 21 novimber 2014 holden waard. Nei ôfrin fan dizze dei koenen dielnimmers oanjaan oft se lid wurde woenen fan de klankboerdgroep dy’t meitinkt mei de Doarpswurk-meiwurkers en harren fan ideeën en adviezen foarsjocht. De groep bestiet út rom tweintich fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen, doarpshuzen en lokale inisjativen. Belutsen boargers dy’t harren kennis en kunde diele wolle.

It doel fan dizze groep is it advisearjen fan Doarpswurk oer belangrike tema’s en it ynformearjen oer behoeftes út de doarpen. It belied is te lêzen yn de missy en fisy.

Takomst

Doarpswurk tinkt nei oer har rol yn de takomst en sjocht dat partnerorganisaasjes en de oerheden lyk as provinsje en gemeenten dit ek dogge. Har hjoeddeistige rol is om doarpen te stimulearjen en stypjen op it mêd fan boargerinisjativen dy’t de leefberens befoarderje. Doarpswurk krijt hjirfoar budzjetsubsydzje fanút it plattelânsbelied fan de provinsje. Dit belied eindiget yn 2017, en dêrmei is it finansierjen nei 2017 noch ûnwis.

Doarpswurk wol dêrom yn de hjerst fan 2016 in ‘Fryslânbrede’ konferinsje troch de doelgroep/stakeholders – fan ûnderen op dus – organisearje litte oer de takomst fan de Leefberens yn Fryske doarpen en op it Fryske plattelân.

Doel
It organisearjen fan dizze doarpetop hat ta doel om ynsicht te krijen yn wat doarpen belangryk fine foar de takomst. De term doarp mei hjir rom opfetten wurde. Mei doarp bedoele we in ‘fielde mienskip’. Dat kin dus ek in wyk wêze of in boargerinisjatyf. De ‘risping’ oan  mieningen en ambysjes foarmje de ynformaasje foar Doarpswurk en ek ferskate partnerorganisaasjes om harren organisaasje en programma’s op te rjochtsjen yn de takomst.

Doelgroep
Dizze doarpetop wurdt organisearre foar ynwenners fan Fryske doarpen en (steds)wiken. Alle ynskreaune boargers fan 18 jier en âlder meie meidwaan. De dielnimmers wurde wûn fia lotsjen. Dit foarkomt dat foaral de ‘usual suspects’ dielnimme. Lotsjen soarget foar in goede ôfspegeling fan de maatskippij en dêrmee in brede input.

De Doarpswurk Mienskip is mei it organisearjen fan it jûnspart fan de bijeenkomst van 17 november fan start gien mei ‘t ferkennen fan de doarpetop. It is de bedoeling dat yn 2016 de top holden wurdt yn de fiif provinsjale regio’s.

It is tiid foar in blik yn de takomst!