Provinsjaal

Provinsjaal

Doarpswurk wurket in protte gear mei oare partijen. Hjirûnder stean in tal partners dêr’t we yntinsyf mei gearwurkje om sa ús krêften te bondeljen en kennis te dielen.

Provinsje Fryslân
De Provinsje Fryslân is ús direkte partner/opdrachtjouwer. Fia harren Streekwurk-organisaasje stelt de provinsje subsydzje beskikber foar bewennersinisjatieven dy’t bydrage oan de leefberens op it plattelân. Provinsje Fryslân en Doarpswurk wurken tegearre oan deselde ambysjes nammentlik: inisjativen fan ûnderop fierder helpe en nei in heger plan tille. Sjoch foar mear ynformaasje en it oanfreegjen fan subsydzje op Streekwurk.

Friese Milieu Federatie
Yn it projekt De Energiewerkplaats wurkje we nau gear mei de Friese Milieu Federatie. De Friese Milieu Federatie makket har sterk foar de ûntwikkeling fan in doursum Fryslân, wêryn’t in fitale natuer, in sûn miljeu en in sterk en krêftich lânskip sintraal stean.

Ús Koöperaasje
Gearwurkje mei provinsjale lokale inisjatyfnimmers hat resultearre yn de gearwurking mei Ús Koöperaasje  yn it projekt De Energiewerkplaats. It is in koepelkoöperaasje dy’t Fryslân duorsumer en griener meitsje wol, provinsje breed en op lokaal nivo. In protte lokale enerzjykoöperaasjes slute harren hjirby oan.

Vrijwilligers Academie
Frijwilligers en mantelsoarchers steane faak net stil by de mooglikheden om in training of workshop te folgjen wertroch se harren wurk (noch) better dwaan kinne. De Vrijwilligersacademie bringt al it oanbod yn kaart, ûntslút alle ynformaasje en ferbynt fraach en oanbod.

It oanbod is ôfkomstich fan ferskate ynstellings en organisaasjes, Doarpswurk is ien fan dy organisaasjes. Hoewol’t de Vrijwilligers Academie Fryslân in organisaasje is sûnder winsteachmerk binne der wol kosten ferbûn oan de trainingen en workshops. Meastal wurde dizze kosten betelle troch de organisaasje wer’t je frijwilligerswurk dogge. Ek hawwe gemeenten faak budzjet beskikber foar deskundigheidsbefoardering foar frijwilligers en mantelsoarchers.

De trainingen en workshops binne op in logyske wize ûnderferdield yn tema’s, mar je kinne ek sykje op trefwurd. Wa’t in training siket mar it net fine kin, kin kontakt opnimme mei de Vrijwilligers Academie.  Sy kinne dan op syk gean nei in training dy’t oanslút by de fraach. Harren motto is: ‘We hawwe it, of sykje it’.

Elkien
Gearwurkje mei de leefberheidskoördinatoren fan elkien op it mêd fan wenjen yn doarpen hat resultearre yn it foltooien fan inkele prachtige inisjativen lyk as doarpskoöperaasje Wûns en woningcorporatie Jirnsum.

Keunstwurk
Keunstwurk stimulearret as kulturele tsjintferliener de Fryske keunst en kultuer yn brede sin. Sy docht dat troch it dielen fan kennis, it lizzen fan ferbinings en it trochfieren en stimulearjen fan fernijing. Yn de doarpen wurde ferskate projekten opsetten mei keunst as reade trie. By ‘t meitsjen fan in doarpsfisy mei in adviseur fan Doarpswurk wurdt no ek de kultuer meinommen as wichtich tema.

Wonen Noordwest Friesland
De corporatie organisearret (sûnt 2005) om de twa jier de jûn ‘Hart voor je Dorp’ yn gearwurking mei Doarpswurk (en sûnt 2017 ek de hierdersferiening). Sa as de titel al oanjout is de jûn foaral bedoeld foar minsken dy’t harren ynsette foar harren doarp, sa as fia ferienings fan doarpsbelangen of doarpshûsbestjoeren. De kracht fan de jûn sit yn de kombinaasje fan in ynhâldlik nijsgjirrich programma mei de mooglikheid om elkoar te moetsjen.

Koninklijke Nederlandsche Heidemaatschappij (KNHM)
Doarpswurk en de KNHM wurkje al jierren mei elkoar yn ferskate projekten wêrby’t de doelstelling is om mei bewenners harren leefomjouwing te feroarjen en te ferbetterjen. Boppedat wurde de doarpen elts jier útnûge om mei te dwaan oan de jierlikse wedstriid Kern met Pit.

Vrijwilligers Academie
Begjin 2016 is de gearwurking mei de Vrijwilligers Academie starten mei de bedoeling dat de ferskate trainings en kursussen foar frijwilligers yn Fryslân op ien plak oanbean wurde.

Ring Fryslân
Met een provinciaal glasvezelnetwerk onder de naam Fryslân Ring, neemt Fryslân een bijzondere plaats in op de glasvezelkaart van Nederland. Want waar glasvezelinitiatieven elders in het land voornamelijk van lokale aard zijn, worden de zaken in Fryslân meteen op provinciebrede schaal aangevlogen in de vorm van een coöperatie. Doarpswurk draagt hieraan bij in het project Breedband.

Veilig Verkeer Fryslân
Mei dizze organisaasje is gearwurking op it mêd fan de ferkearsfeilichheid yn de doarpen. By it opstellen fan in doarpsfisy wurdt de kennis en kunde fan Veilig Verkeer ynsetten.

Deel deze pagina: