Minne Hovenga, adviseur

Minne Hovenga, adviseur

”Fryslân libbet. In sterke ‘mienskip’ foarmet dêrfoar de basis. Fan dizze ‘mienskip’ út wurde in protte inisjativen ûntwikkele om de leefberens yn stân te hâlden of te ferbetterjen. At je dan ‘hikke en tein’ binne yn dizze prachtige provinsje, wat is der dan moaier om hjir in bydrage oan te leverjen?”

“Ik stypje foaral bestjoeren en frijwilligers fan doarpshuzen en multifunksjonele sintra op alle terreinen dy’t der binne; fan eksploitaasje en behear oant fer- en nijbou”.

Minne is as adviseur foar doarpshuzen aktyf yn de hiele provinsje en ek belutsen by it projekt Duorsume Doarpshuzen.

Nim kontakt op mei Minne fia mhovenga @doarpswurk.frl of belje 06-45867445.
Wurkdagen moan- en tiisdei.

Deel deze pagina: