Duorsume Doarpshuzen

Duorsume Doarpshuzen

Doarpshuzen en wykgebouwen yn de regio Súdwest-Fryslân ree meitsje foar de takomst, dat is it wichtichste doel fan de pilot ‘Doarpshuzen mei in Duorsume Takomst’. Dit projekt is opsetten troch Doarpswurk yn nauwe gearwurking mei Streekwurk Zuidwest Fryslân, it gearwurkingsferbân fan de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân.

Yn dizze pilot biede wy doarpshuzen de mooglikheid om profesjoneel advies yn te winnen oer it enerzjy-ferbrûk en de eksploitaasje ris goed te besjen. Dit leveret in oantal maatregels op om úteinlik kosten te besparjen.

Wat betsjut dat foar jo doarpshûs?
It projekt bestiet út twa adviestrajekten dy’t fergees oanbean wurde, nammentlik:

  • In saneamd EPA-U trajekt (Energie Prestatie Advies-Utiliteitsbouw). Hjirfoar wurdt by jo doarpshûs ynventarisearre wat de boukundige staat fan it gebou is en hoe’t mei hokker middels en yngrepen de enerzjy-prestaasje ferbettere wurde kin.
  • Dêrneist krije in tal doarpshuzen de mooglikheid om mei te dwaan oan it ûnderdiel takomstbestindige doarpshuzen. Dêrby giet it net allinnich om in analyze fan de (finansjele) eksploitaasje, mar ek oer de funksje yn it doarp en omjouwing en de prestaasjes op it mêd fan duorsumens. De ynventarisaasje hjirfan is de basis foar it bepalen fan in takomstbyld foar it doarpshûs.

Inkele nijsgjirrige artikels binne op ús webside pleatst.
Lês hjir  it ynterfjû mei Minne Hovenga foar de start fan it projekt.

Undertusken (april 2016) is it projekt yn de begjinfaze. Lês hjir mear oer de ynformaasje byienkomsten fan febrewaris 2016.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Minne Hovenga

Logo-partnersLogo steekwurk Zuidwest PMS 382M

Deel deze pagina: