Energiewerkplaats Fryslân

Energiewerkplaats Fryslân

Der bart neat sûnder inisjatyfnimmers! Der is in tanimmend tal inisjativen yn Fryske doarpen en wiken rjochte op enerzjybesparring, yn- en ferkeap fan duorsume enerzjy, it starten fan in eigen enerzjykoöperaasje of bygelyks it mei-inoar ynkeapjen fan sinnepanielen.

Doarpswurk en de Friese Milieu Federatie wurkje gear by it stypjen fan inisjatyfnimmers en wurkgroepen út doarpen en wiken. It útgongspunt dêrby is dat it giet om inisjativen dy’t rjochte binne op it ûntwikkeljen fan in duorsume mienskip op lokaal nivo.

Njonken it geregeld oanbieden fan netwurkgearkomsten, wêrby’t inisjatyfnimmers inoar moetsje, ideeën diele en elkoar ynspirearje, wurde inisjativen bystien mei rie en die.

Troch û.o.:

  • it finen fan antwurden op ynhâldlike en organisatoaryske fragen, sa as: Hoe keapje we mei-inoar sinnepanielen yn? Hoe kin ik gebrûk meitsje fan it ferlege belêstingtaryf as enerzjykoöperaasje? Hoe start ik in inisjatyf? Hoe krij ik mear minsken belutsen by it inisjatyf?
  • it útfieren (of it útfiere litte) fan helberheidsûndersiken. We stypje by it (op)stellen fan de goede ûndersyksfragen en lizze de ferbining tusken de inisjativen en relevante merkpartijen.
  • it opstellen fan projekt- en businessplannen.
  • it sykjen nei (ko-)finansieringsboarnen foar sawol de tarieding as de realisaasje fan konkrete útfieringsprojekten en ek foar de nedige “hardware” foar de opstart en it fuortbestean fan it inisjatyf.
  • it finen fan en gearwurkjen mei stakeholders, lykas gemeente, kennisynstellings, provinsje en merkpartijen (wêrûnder de EKF).
  • it gearwurkjen mei de stakeholders.

Wolsto mear witte oer de Energiewerkplaats of kontakt lizze mei de organisaasjes sjoch dan op de webside fan de Energiewerkplaats.

rsz_ewf

De Friese Milieu Federatie, Ús Koöperaasje en Doarpswurk willen politiek draagvlak voor hun inzet voor lokale energieprojecten. Daarom stelden ze in aanloop naar de verkiezingen voor Provinciale Staten het Akkoord van Raerd op met daarin een actieplan en 15 actiepunten.

Fryslân kan volgens de drie organisaties een stuk duurzamer worden als de kracht van lokale initiatieven meer wordt gebruikt. Door vol in te zetten op deze lokale kracht wordt tevens de Friese economie gestimuleerd en zorgt het voor meer werkgelegenheid. Het gaat daarbij niet alleen om financiële ondersteuning door overheden, maar ook om stimulering van lokale werkgelegenheid.

Deel deze pagina: