Aanpak Rotte Kiezen

Aanpak Rotte Kiezen

Doarpsbelangen, wenningkorporaasjes en gemeentes kinne se fuort en daliks neame: fertutearze gebouwen, dy’t it oansjen fan in doarp bedjerre. In “rotte kies” oanpakke is lykwols net sa ienfâldich. Fakentiids binne dy gebouwen fan partikulieren.

Yn it noardwesten fan Fryslân hawwe fjouwer wenningkorporaasjes gearwurke om wat oan it probleem fan fertutearze en yn it each rinnende gebouwen te dwaan. Mei oaren hat de plattelânsorganisaasje Doarpswurk en “Wonen Noordwest Friesland, Elkien, WoonFriesland” en Wenningkorporaasje Dongeradiel in projekt ûntwikkele, mei stipe fan de provinsje Fryslân: Oanpak rotte kiezzen. It doel is om mei de eigner-bewenner en it doarp in oplossing te finen, sadat it doarp der yn de takomst wer kreas útsjocht.

Yn opdracht fan de wenningkorporaasjes Wonen Noordwest Friesland, Welkom, WoonFriesland en Wenningkorporaasje Dongeradiel hawwe Weusthuis BV en Doarpswurk it  rapport: Verpauperde panden in de Friese dorpen” makke. Yn dit rapport wurdt in byld sketst fan de omfang fan it probleem fan de oantaaste Fryske doarpen. Boppedat rekommandearje de opdrachtnimmers in strategysk model oan om de problematyk oan te pakken. It rapport is publisearre yn twatûzen-acht en kinne jo hjir lêze.

Mei dizze oanrekommendaasje is it projekt “Aanpak Rotte Kiezen” yn de jierren dêrnei ûntwikkele en útfierd. Op basis fan de ûnderfinings, dy’t se doe opdien hawwe, is it  rapport Terugblik & toekomstvisie op papier set.

Deel deze pagina: