Soarch lokaal

Soarch lokaal

De soarch is folop yn beweging. Mei yngong fan 2015 is de Wet Maatschappelijke Ondersteuning  (WMO) fan tapassing en yn 2014 waarden dêr al folop tariedingen foar makke. Kearnpunt fan de nije wetjouwing is dat de boarger langer selsstannich thús wenje kin en dêr help by kriget fan profesjonele ynstânsjes, mar ek fan famylje en de buert. Sa komme soarch en wolwêzen foar in part ek by de doarpsbewenners terjochte.

Foar doarpen is dat in nije situaasje dy’t in soad fragen opropt: hokker ferlet is der yn in doarp en hoe folje ik dat yn? De temagroep Soarch Lokaal ûntwikkelet metoaden en wurkwizen dêr’t doarpen mei oan ’e slach kinne. Dêrby kin tocht wurde oan ferskillende saken, lykas yn it doarpshûs ûnderdak jaan oan organisaasjes foar thússoarch en wolwêzen oant in karweitsjinst en in ferfierstsjinst foar âldere minsken. Mar ek it ferrjochtsjen fan ienfâldige húshâldlike taken en it opsetten fan in ytgroep.

Yn de temagroep Soarch Lokaal wurkje Doarpswurk en Partoer nau gear oan it stypjen fan lokale soarchinisjativen. De inisjativen en fragen út de doarpen binne tige ferskillend, fernimt Titus Sijmonsma, dy’t út namme fan Doarpswurk yn it projekt behelle is. ‘Elk doarp is oars en it hinget fan bygelyks de sosjale koheezje en ferbûnens ôf wat der opset wurdt. Wy krije fragen fan doarpsbelangen en ferwize dy bygelyks troch nei oare doarpen dêr’t al in te ferlykjen inisjatyf opset is.’

Wolle jo mear witte of ek mei de soarch yn jo doarp teset? Nim dan kontakt op mei Titus Sijmonsma.

Deel deze pagina: