Vraagbaak

Vraagbaak

Yn de Vraagbaak fine bestjoerders fan doarpshuzen alderhanne saken dy’t har foarút helpe kinne. Under oaren op it mêd fan arbeidsoerienkomsten, pacht, Buma Sena, eksploitaasje fan de bar en sosjaal-kulturele aktiviteiten.

De Vraagbaak bestiet sûnt april 2003. It is it resultaat fan it gearwurkjen fan Doarpswurk en ’t Heft, platfoarm foar gearwurking fan mienskipshuzen yn Noard-Brabân.

Redaksje
De einredaksje is yn hannen fan Doarpswurk. It by de tiid bringen fan besteande stikken en it skriuwen fan nije wurdt fersoarge troch in redaksjeteam besteande út meiwurkers fan provinsjale stipepunten foar doarpshuzen:

  • Vereniging Groninger Dorpen (VGD)
  • Steunpunt Dorpshuizen Drenthe, ûnderdiel fan de Brede Overleggroep van Dorpen in Drenthe
  • Samenwerkende Dorpshuizen Overijssel, ûnderdiel fan de Overijsselse Vereniging van Kleine Kernen
  • Federatie Dorpshuizen Gelderland
  • Platform Dorpshuizen Noord-Holland
  • Utrechtse Vereniging van Kleine Kernen
  • ’t Heft, platfoarm foar gearwurking fan mienskipshuzen yn Noard-Brabân
  • Dorpshuizen, stipepunt fan de Vereniging van Kleine Kernen Limburg.

Kontakt

Misse jo in ûnderwerp yn de Vraagbaak? Untdekke jo in flater of hawwe jo in suggestje? Stjoer in e-mail nei de redaksje (vraagbaak@dorpshuizen.nl). Brûk dit e-mailadres inkeld foar reaksjes op de Vraagbaak.

Foar de helpdeskfunksje ferwize wy jo nei de provinsjale stipepunten foar doarpshuzen fia it lanlike webside: dorpshuizen.nl. Dy stipepunten binne der spitigernôch noch net yn alle provinsjes.

De Vraagbaak is eigendom fan Doarpswurk te Raerd.

 

Deel deze pagina: