28 oktober 2024

Makkumer jongeren rebelleren vóór behoud lokaal erfgoed

De oude aardewerkfabriek van Tichelaar in Makkum staat al jaren leeg. Het is voor veel Makkumers, waaronder een groepje jongeren, een doorn in het oog. De Makkumer Rebels, zoals de jongeren zich noemen, wilden daar verandering in brengen. In zes weken tijd transformeerden zij de voormalige fabriek om tot een bruisende plek. Als het aan de Makkumer Rebels ligt, blijft het niet bij deze zomer: ‘Wy wachtsje net wy dogge it gewoan.’

Abe Sligting (22) vertelt honderduit als hij ons rondleidt door de panden waar Tichelaar tot 2013 sieraardewerk produceerde. ‘Op in kaart út 1572 is al in stienfabryk te sjen, dat is it âldste bewiis dat Makkum doe al in plak fan betsjutting wie,’ vertelt Abe passievol, ‘Makkum kent in rike skiednis, mar dy’t tsjintwurdich net altyd mear sichtber is.’ Die geschiedenis wilden de Makkumer Rebels weer zichtbaar maken en het erfgoed behouden, maar wel op een moderne manier.

Fluwelen revolutie

Het idee voor de Makkumer Rebels is ontstaan in het café waar Abe werkt in de weekenden. ‘We hienen it gefoel dat der wat barre moast yn Makkum. En dit gebou stiet al sa lang leech, dêr moatte we yn sjen litte wat we yn Makkum nedich ha. It doarp krimpt net, mar fergrizet wol. Der moat fernijing komme, mar dat komt net fansels dêr hast jonge en nije enerzjy foar nedich. En dêrfoar hast romte nedich.’

De Makkumer Rebels bruisten van de energie en zochten een plek om hun revolutie te starten. Er was voor de rebellen maar één plek die daarvoor geschikt was: de voormalige aardewerkfabriek. ‘Hjir hast histoarje, de nammebekenheid en gewoan de romte om dingen te meitsjen. Je hawwe as doarp in plak nedich dat ferbynt, brûst en lûkt en dat is hjir,’ vertelt Abe, ‘Je kinne as jongeren demonstrearje, mar wy woenen wat posityfs dwaan. Wat tafoegje en it hiele idee dat jongeren yn aksje komme foar erfgoed, dat hat wol wat rebels. Sa binne wy op ‘e namme kommen.’ Zo werd het een fluwelen revolutie in Makkum, zonder bloedvergieten.

Experiment ‘Iepen Ierdewurk’

De rebellen waren de aanstichters, maar hebben het zeker niet alleen gedaan. Ze hebben veel samengewerkt met Plaatselijk Belang, de Stichting Frysk Tichelwurk en vele vrijwilligers. ‘Jacob Hansma fan Pleatslik Belang hat ús echt hiel bot holpen en it fertrouwen jûn,’ vertelt Abe en terwijl hij dat zegt komt Jacob de fabriek binnenlopen. ‘Dit is net ôfpraat hear!’, zegt Jacob penningmeester van Plaatselijk Belang Makkum en één van de drijvende krachten achter het open houden van het iconische gebouw. ‘Wy hienen ek it gefoel dat hjir wat barre moast. Yn 2022 ha we hjir it ‘Iepen Atelier’ hân, dus doe’t de jongerein mei harren idee kaam wienen we fuort entûsjast.’

Abe en zijn broer Wytze, ook één van de rebels, hadden eerder in samenwerking met Plaatselijk Belang de documentaire ‘Het Geluk van Makkum’ en een podwalk gemaakt. De documentaire en de podwalk, een podcast en wandeling ineen, gaan over het rijke verleden van Makkum. ‘De podwalk en de dokumintêre wienen al klear, mar hienen gjin plak yn Makkum. Dy krigen no in plakje yn de eksposysje,’ vertelt Abe.

Het was een experiment van de Makkumer Rebels om het dorp de waarde van de fabriek te laten zien en wat er allemaal mogelijk is in dit beeldbepalende gebouw. Dat laatste moest ook tussen de oren van de huidige eigenaar, stichting FB Oranjewoud, komen. Het dorp wil hier graag een permanente culturele bruisplek. Het experiment ‘Iepen Ierdewurk’ werd de lakmoesproef. In krap zes weken dachten de rebellen het idee uit en in nog minder tijd hebben ze het op poten gezet.

Zonder wrijving geen glans

Iepen Ierdewurk was zes weken te bezoeken en dat deden mensen massaal. Een kleine 2300 mensen bezocht de exposities in de oude Tichelaarfabriek. ‘It besikersoantal is in moaie mjitting,’ zegt Abe, ‘mar it wichtichste is dat it gefoel yn Makkum no breder libbet dat der wat barre moat mei dit gebou. Der is in beweging yn Makkum op gong kaam’. Jacob beaamd dat: ‘Ek FB Oranjewoud wie hiel posityf oer wat we hjir ôfrûne simmer delsetten ha. Se wolle dêrom de jongeren no ek stypje om hjir fierder wat te dwaan.’

Bezoekers konden vijf dagen per week gratis de verschillende exposities bekijken. Vrijwilligers waren druk in de weer om mensen rond te leiden en het verhaal achter de exposities te vertellen. De Makkumer Rebels hadden haar eigen expositie opgezet. ‘Wy hawwe ús ynspirearje litten troch it ierdewurk. De ierdewurkkultuer is dochs wol op ús liif skreaun as Makkumers. En om it ierdewurk yn in nij byld te setten, hawwe wy it ierdewurk letterlik op ûs liif skreaun.’ Een expositie die de wenkbrauwen bij sommige mensen lichtelijk deed fronsen. ‘Guon fûnen it wat te fier gean. It nije botst soms mei it âlde, mar sûnder wriuwing gjin glâns en hast inoar nedich,’ verteld Jacob met een glimlach.

‘We ha de foto’s sels makke mei de kamera fan myn freondinne. Sa hawwe wy dit mei simpele middels yn koarte tiid opset. Dat is ek it idee fan dit hiele projekt. It is mei sizzen net te dwaan. Dus moatst gewoan dwaan.’ Naast de verschillende exposities was er ook een theaterstuk. In één week hebben vijf jonge Friese theatermakers van de theaterschool in Maastricht een stuk over identiteit op de planken gezet. ‘Se hienen de opdracht fan skoalle om op rinôfstân wat te organisearjen. No dat is net hielendal slagge, mar it wie in grut sukses. Der wienen twahûndert besikers!,’ vertelt Abe lachend.

‘Jou der mar in skop tsjinoan’

Abe en zijn mede rebels kijken terug op een geweldige zomer. ‘Wy hawwe dit yn in simmer opset. Tiid hoecht gjin obstakel te wêzen. Uteinlik wienen wy ek allegear mei oare dingen dwaande. Tegearre mei de âldere frijwilligers, dy’t de boel hjir draaiende holden, is it ús slagge. It wie in moaie gearwurking.’ Dat is ook de boodschap die de Makkumer Rebels willen meegeven aan andere jongeren. ‘Bemuoi dy der mei. Gean yn petear. Wês net bang om gewoan wat te organisearjen en te regeljen, ek al witte je net wat minsken derfan fine. Wy as jongeren binne de wize om de boel te fernijen. Jou de jongerein de romte. Jou se it fertrouwen om wat te dwaan.’

Jacob is het daar helemaal mee eens: ‘Je sjogge net folle jongeren mei Pleatslik Belang yn petear gean. Mar as bestjoerders moatte je ek iepen stean foar oare generaasjes. Jou jongerein it fertrouwen en de romte. It smyt safolle moais op.’

De Makkumer Rebels zijn in gesprek met stichting FB Oranjewoud om te kijken of ze in een deel van het gebouw culturele en maatschappelijke activiteiten kunnen blijven organiseren. Fernijing is wat je as lyts doarp nedich hawwe, ek om jongerein te behâlden. En dat kin geweldich op dit plak, dat ha we ôfrûne simmer sjen litten. Krekt trochdat wy as jongeren hjir dwaande west hawwe dizze simmer, fiele wy ús noch mear ferbûn mei Makkum. As jongerein him ferbûn fielt mei harren doarp dan is de kâns ek grut dat se weromkomme nei harren stúdzje.’ Abe roept tot slot alle Friese jongeren op: ‘Jim moatte net benaud wêze om de boel op te skodzjen. Jou der mar ris in skop tsjinoan en sjoch wat der bart!’

Tekst & foto: Hendrik Tamsma