19 december 2025

Ofskied foarsitter fan Doarpswurk

Hjirby diel ik jim mei dat ik stopje as foarsitter fan it bestjoer fan Doarpswurk. Op 18 desimber bin ik ynstallearre as wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

 

De taken as foarsitter fan Doarpswurk en as wethâlder hawwe te folle raakflakken om it tagelyk te dwaan, fandêr dat ik de foarsitterstaak dellis. Nei 7,5 jier haw ik op 17 desimber de hammer yn de fertroude hannen fan ús vice-foarsitter, Durk Grouwstra, oerdroegen.

It paste my as in jas

Ik haw mei in soad genoegen it wurk by Doarpswurk dien, it paste my as in jas. De gearwurking mei de meiwurkers, direkteur en bestjoer hat altyd tige konstruktyf en noflik west. Ut de doarpen en buerten yn Fryslân haw ik in soad positive reaksjes heard oer de wize wêrop’t de stipe ferliend wurdt. Ek fanút de provinsje Fryslân en de gemeenten haw ik faak ris tefreden lûden heard oer de kwaliteiten dy’t Doarpswurk hast 20 jier brocht hat.

Neffens my stiet Doarpswurk der goed foar en kin se noch tal fan jierren mearwearde biede oan ús moaie buerten en doarpen. Ik bin bliid om der in skoftsje oan meiholpen te hawwen.

Tank foar it fertrouwen en de goede gearwurking yn myn tiid as foarsitter!

Doeke A. Fokkema