28 januari 2025

Van boerderij naar modern MFC: Tytsjerk onder één dak

Op vrijdag 17 januari is multifunctioneel centrum (MFC) Tytsjerk feestelijk geopend. De oude boerderij is omgetoverd tot een levendig MFC dat niet alleen het dorpshuis herbergt, maar ook de basisschool, kinderopvang en de gymzaal. Wethouder Willemsma opende het gebouw met de woorden “Dreame, doare en dwaan! Dat it MFC in brûzjend hert krije mei.” Ineke Kalteren, al twintig jaar betrokken bij het dorpshuisbestuur, vertelt hoe dit alles tot stand kwam en welke uitdagingen onderweg overwonnen moesten worden.

Ineke is nog aan het bijkomen van het openingsfeest. De kratten met lege flessen in het opberghok zijn het bewijs dat het een doorslaand succes was. “Hoe’t de iepening wie? Dat wie oerweldigjend”, vertelt Ineke. “Wy hiene in moai programma opset ûnder lieding fan Jelmer Scholten. It hiele kolleezje wie der en alle groepen dienen wat: peuters, kleuters en âlderen.” Het dorpshuis zat stampvol: mensen stonden zelfs in de hal. ’s Middags waren er al 200 bezoekers en ’s avonds liep dat aantal bijna op tot het dubbele. “It hie net foller wêze moatten, dat wie myn soarch. Mar it hat goed útpakt.”

Rode cijfers

De coronacrisis, gevolgd door de energiecrisis, vormde de aanleiding voor de renovatie. “Yn corona kamen we yn de reade sifers. De pleats wie net duorsum en enerzjyferslinend. It wie lang net dúdlik wat de gemeente mei it fêstgoed woe, dat hat in lange proseduere west. It wie ek noch in opsje om it doarpshûs te ferpleatsen nei de sportfjilden. It wie in dreech beslút foar de gemeente, want de sportfjilden binne prachtich en it is skande dat dêr net mear gebrûk fan makke wurdt.”

In de tussentijd hebben een paar meiden uit het dorp tijdelijk een cafetaria gerund in het dorpshuis, totdat er meer duidelijkheid kwam. “It wie in tydlike oplossing, mar de fammen lutsen in soad jeugd nei it doarpshûs. In soad doarpsbewenners fûnen it spitich dat se stoppen, mar it wie tydlik”, vertelt Ineke. De energiecrisis verslechterde de situatie verder, waardoor de cijfers nog meer daalden. Zelfs de kosten voor de frituur konden niet meer worden opgebracht. Er moest iets gebeuren. “Wy wiene net de iennige mei problemen. De skoalle yn it doarp hie romtebrek. De skoalle hat der druk op set dat der no echt wat barre moast en sa is it baltsje oan it rôljen kaam.”

Vier onder één dak

De monumentale boerderij heeft een ware transformatie ondergaan. De buitenkant ademt nog altijd geschiedenis, maar vanbinnen is alles gronding vernieuwd. Ineke legt uit: “We woene de sjarme fan it âlde behâlde, lykas de autentike bynten, mar tagelyk in moderne, ljochte romte kreëarje. De stâl wie eartiids in tsjuster hok – gesellich foar in feestje, mar fier fan praktysk. No is it in plak fol ljocht en moderner.”

Het MFC is nu het kloppend hart van Tytsjerk. In het gebouw huizen vier partners: basisschool De Romte, kinderopvang Kinderwoud, de gymzaal van de gemeente en het dorpshuis Yn ’e Mande. Dankzij een slimme indeling zijn de verschillende ruimtes naadloos verbonden. “De skoalle en it doarpshûs diele no bygelyks de keuken, en bern kinne hjir nei skoaltiid boartsje of sels mei-inoar bakke”, vertelt Ineke enthousiast. “Dy krúsbestowing hiene wy eartiids net. No fernimst echt hoe moai as alles gearkomt.”

De succesformule om met vier partijen in één gebouw te zitten is volgens Ineke dat je goed met elkaar kunt opschieten. “We binne mei fjouwer froulju, mar we binne gjin seurders. We losse dingen op. Dat makket in grut ferskil. Wy losse problemen mei-inoar op.”

Tûkelteammen

De weg naar het nieuwe MFC ging niet zonder de nodige tûkelteammen. Vooral het combineren van verschillende belangen en smaken bleek een uitdaging. Wy hiene wurkgroepen foar alles, fan de ynrjochting oant de bouplannen. Elkenien hat in miening, fan in brune kroechstyl oant modern design. Uteinlik is it in mingelmoes wurden, en dat is prima. Je dogge it nea foar elkenien hielendal goed, mar je dogge it mei-inoar”, aldus Ineke.

Ook de technische kant was een leerproces. Wy woene in teäterfunksje mei fleksibele poadia en ferljochting, mar guon dingen stiene net yn it technyske programma fan easken. Dêrtroch moasten we achterôf noch oanpassingen dwaan, wat net altyd mooglik wie. In tip foar oaren: bliuw boppe-op it proses sitten, foaral as der meardere jildstreamen binne.”

Vrijwilligers spelen een cruciale rol in het succes van het MFC. Wy hawwe sa’n 25 oant 30 frijwilligers dy’t altyd klear steane, fan skjinmakkers oant in bouploech. We ha gjin kommersjele behearder mear, mar draaie it doarpshûs mei frijwilligers en eins is dat folle better foar it doarp. It eigenerskip leit no by it doarp, en dat fielt elkenien.”

Maatschappelijke functie

Voor Ineke is het dorpshuis een plek waar iedereen welkom is. “Wy hawwe bewust lege hier- en konsumpsjeprizen. It giet net om winst, mar om tagonklikens. Wy hawwe hjir in breikafee, de boekenhoeke as ynrinfunksje en der is hjir alle jûnen wol in feriening of klup aktyf. Wy hawwe in maatskiplike funksje; as je der fan bestean moatte, dan wurdt it yngewikkeld”, legt Ineke uit.

Alle verenigingen en clubs hebben een plekje gekregen in het nieuwe MFC. Het was echter een flinke uitdaging om voor iedereen een geschikt tijdstip te vinden. “Minsken wiene fêste jûnen en tiden wend. De bern sitte oant twa oere op skoalle. Ik moat dus alles ynplanne nei twa oere. Dat wol net elkenien. Dat snap ik ek, minsken hawwe jierrenlang harren ritme oanpast en wolle dat net samar ferskowe. Mar oant no ta is de puzel goed gien.”

De toekomst

Hoewel het dorpshuis een nieuw hoofdstuk heeft ingeluid, zijn er nog genoeg uitdagingen. “We soene graach mear jongeren belûke wolle. Gelokkich sjochst no al dat sy sels mei ideeën komme, lykas in groep jonges dy’t frege oft se meihelpe mochten mei it ynrjochtsjen. Dat soart inisjatyf is prachtich en jout fertrouwen yn de takomst.”

Voor Ineke is het duidelijk: het dorpshuis is een plek van en voor het dorp. Wat ik hoopje is dat we mei dit nije pân wer folop reuring krije. Dat is ús nije útdaging. Dat is úteinlik wêr’t it allegear om draait en dêr hat it doarp ek ferlet fan. Dat slagget wol mei dit geweldige pân!”

Tekst & foto’s: Hendrik Tamsma