WY SYKJE DY!
Op in typyske Nederlânske (sinne, wyn en reinbuien) sneontemoarn is ûndertekene online yn petear mei twa bestjoersleden fan Doarpswurk: Durk Grouwstra en Sjoeke Kooistra. De oanlieding fan dit ynterfjû is dat sy dwaande binne mei it opsetten fan in klankboerdgroep. “Wy wolle tichterby de minsken stean om te witten wat der spilet en sykje hjirfoar teisters yn it wurkfjild. De útdagingen yn de doarpen fan Fryslân binne talryk, maar ek tige ferskaat. It is dan ek fan grut belang dat we hjir sa goed as mooglik by oansluten bliuwe.”
Út leafde foar Fryslân
Doarpswurk set har yn om tegearre mei doarpsbelangen en doarpshuzen harren ideeën, aktiviteiten en leefberensprojekten fierder te bringen. Foar in libben en leefber doarp. It Doarpswurk team bestiet ûnder oaren út adviseurs ferdield oer 4 regio’s, wêryn’t hja meastal fraach rjochte wurkje yn de doarpen. De leden fan de klankboerdgroep wurde frege om sawol as ambassadeur op te treden as ek om der mei foar te soargjen dat de tsjinstferliening fan Doarpswurk goed oanslút by it ferlet yn de doarpen.
Mei de klankboerdgroep hoopje Durk en Sjoeke dat Doarpswurk: “Noch tichter by de minsken stiet en miskien ek mear kânsen sjocht yn it wurkfjild.” Want neist de tema’s dy’t provinsje breed of sels lanlik spylje, binne der praktyske saken dy’t miskien net altyd goed genôch yn byld komme. De rop om in fertrouwenspersoan foar ferienings is sa’n foarbyld. Yn de sport en kultuer is dit ûndertusken oppakt, maar in protte ferienings binne hjirmei noch net holpen. Doarpswurk soe in oanjeiende rol hjiryn spylje kinne om dit te regeljen.
Wy sykje dy!
It opsetten fan de klankboerdgroep is yn de begjinfaze. Ûndertusken ha in pear minsken harren oanmelden, dy’t graach meitinke wolle oer it opsetten fan sa’n groep en ek de wurkwize derfan.
Want wat is de bedoeling?
*we sykje belutsen minsken dy’t in bining hawwe mei de Doarpswurk doelgroepen: doarpsbelangen en doarpshuzen;
*per regio hat in fertsjintwurdiging fan 2 persoanen (1 doarpshûs en 1 doarpsbelang) de foarkar;
*de leden jouwe frege en net-frege advys oer aktuele saken oan it bestjoer;
*elts jier binne der trije kontaktmominten: mei de klankboerdgroep, mei it bestjoer fan Doarpswurk en mei alle Doarpswurkers.
Belutsen bewenners binne as frijwilliger faak al drok beset mei allegear aktiviteiten yn harren doarp en leefomjouwing. Troch de kontaktmominten earst op 3x it jier te setten, hoopje we de belesting leech te hâlden.
Fielsto dy oansprutsen en wolsto graach meitinke oer it wurk en de takomst fan Doarpswurk? En hasto krekt as wy leafde foar Fryslân? Dan hearre wy graach fan dy. Asto mear ynformaasje wolst, nim dan kontakt op mei Durk of Sjoeke. Of kom lâns foar in kop kofje en in neier kennismeitsjen. Wy fertelle dy graach mear.
Nim frijbliuwend kontakt op mei:
Durk Grouwstra 06-15014491
Sjoeke Kooistra 06-40309442
Tekst: Lysbeth Andela
Headervisual: Hilco Wiersma