29 mei 2021

Efkes foarstelle: Jan Wiebe Visser

Jan Wiebe Visser (57) út Boksum is sûnt febrewaris ien fan de trije nije bestjoersleden fan Doarpswurk. Jan Wiebe wurket al jierren by Aegon en hat dêr ferskate rollen en funksjes ferfold. Op it momint is Jan Wiebe produktmanager wêrby’t hy yn in rezjyteam de produkten fan Aegon monitort.

Tweintich jier lyn is hy fanút de Fryske haadstêd ferhuze nei Boksum wêr’t hy al gau frege waard foar ferskate clubs en ferienings. It is te folle om op te neamen, mar Jan Wiebe is sekretaris west fan de toanielferenieng, hat yn it bestjoer fan in politike partij en de Rie fan Tafersjoch fan in soarchynstelling sitten en is jierren lang lid wist fan de ferieningsrie fan It Fryske Gea.

Wêrom Doarpswurk?
‘Yn de stêd binne je echt in konsumint. Je geane ergens hinne en it wurdt foar je organisearre. Doe’t ik yn in doarp kaam te wenjen, kaam ik der achter dat at je wat wolle je it sels dwaan moatte. At je toaniel wolle, dan moatte je dat sels organisearje, wolle je in doarpshûs dan regelje je dat mei elkoar. Dat mei elkoar sprekt my hiel bot oan. Dat wie ik net wend yn de stêd, doe’t ik dat ûntdekte fûn ik dat hiel noflik. Yn in doarp wol eltsenien wol wat foar in oar dwaan. Mei elkoar foar elkoar, dat stypje ik. Fan ûnderop fyn ik hiel moai, dat is foar my de ideale tuskenfoarm tusken de oerheid en it bedriuwslibben. Mei de motivaasje en it entûsjasme fan de mienskip wat opsette, fyn ik prachtich.’

‘Doe kaam ik de fakatuere fan Doarpswurk tsjin. Ik ha in soart frijwilligerswurk dien, mar ik wol net langer as ien perioade sitte. Dan fyn ik dat oare minsken in kâns krije moatte en wol ik wer wat oars dwaan. Ik wie oan de ein fan myn perioade by it doarpsbelang  en de ûnderwerpen dêr’t Doarpswurk har mei dwaande hâldt, binne tige nijsgjirrich. Dat liket my leuk en ik tink dat ik mei myn eftergrûn wat tafoege kin. De pluspunten en minpunten fan myn saaklike eftergrûn hoopje ik mei te nimmen yn myn bestjoersfunksje by Doarpswurk. Ik hoopje dat ik minsken helpe kin of yn elts gefal rjochting jaan kin.’

Wat sjogg jo as spearpunt foar de kommende tiid?
‘Ik sit noch yn de fase fan fragen stelle, ik wol my earst in byld foarmje fan Doarpswurk. Ik ha sels net de wiisheid yn pacht en wol dus ek net sizze, dit is ferkeard of dat moat oars. Ik fyn net dat it sa wurket. Doarpswurk en Netwerk Duurzame Dorpen (NDD) hawwe te krijen mei de leefberens yn doarpen en dat hat te krijen mei minsken. Minsken ha help nedich by fragen en Doarpswurk is der foar it kennisplatfoarm. Ik fyn it wichtich dat minsken sawol digitaal as troch minsken holpen wurde. Dy kombinaasje sprekt my tige oan. In digitaal platform dêr’t je in hiele protte kennis fine kinne, mar wer’t ek minsken te finen binne dy’t je fierder helpe kinne. Doarpswurk is der no al mei dwaande. De krêft fan Doarpswurk sit him yn it kombinearjen fan sawol it digitale as it minsklike.’

‘Doarpswurk kin noch bewuster neitinke oer har doelgroepen. It iene doarpshûs is it oare net. De ien is profesjoneler as de oare, hoe kinne je dy ferskate doelgroepen sa goed as mooglik helpe. Dêrneist moat Doarpswurk dwaan wêr’t Doarpswurk goed yn is en der oaren fan oertsjûgje. Doarpswurk stipet prosessen dy’t faaks generyk binne, gearwurkjen is dêrby wichtich. Minsken moatte holpen wurde of ha kennis nedich. Dat kin Doarpswurk at it giet om doarpshûzen, Sport Fryslân at it oer sport giet en Keunstwurk at it oer keunst giet. Mear gearwurkje op dat mêd is goed, dêr ha de oare organisaasjes ek baat by. Miskien kinne wy yn de takomst mear mei elkoar oparbeidzje. Dan ha de organisaasjes ek mear tiid foar wêr’t se op ierde binne; minsken helpe yn plak fan finansjele rapportaazjes oanleverje.’

Wêr stiet Doarpswurk oer 5 jier?
‘Ik tink dat it doel wêr’t Doarpswurk foar is der oer 5 jier noch hyltyd is. En dat Doarpswurk dan in logyske partij is om mei gear te wurkjen. Doarpswurk moat har mearwearde sjen litte de kommende 5 jier, dat is wichtich omt der al safolle feroaret. Je moatte altyd sjen at je mearwearde biede kinne, dat is it wichtichste. Wannear binne je klear? Wannear is de leefberens yn Fryslân klear? It is noait klear. Der komme altyd dingen op je ôf, sa as fergrizing, leechrin en krimp. Dan ha je oare útdagingen wêrtroch at je wurk hawwe, mar de ûnderwerpen feroarje. Yn in ideale wrâld soe Doarpswurk oerstallich wêze: Minsken kinne it dan sels!’

Wat makket Fryske doarpen sa bysûnder?
‘Fryske doarpen binne net bysûnderder dan Grinser, Limburgse of Italiaanske doarpen, ik tink dat eltse omjouwing, elts doarp syn eigen bysûndere dingen hat. Ik stean wol efter it beste lân fan ierde, mar earlik sein as ik yn Grinslân wenje soe, dan soe ik dat it beste lân fan ierde fine. Ik bin graach yn Fryslân en ik ha in grutte leafde foar Fryslân. Der is wol in ferskil tusken stêd en doarp. Minsken dy’t fan de stêd nei in doarp komme feroarje, dat ha ik sels ek meimakke. Ik fyn it foaral moai dat minsken eigen inisjativen ha en dat sjogge je in protte yn doarpen.’

‘Ast nei Fryslân sjochst, dan binne wy hiel ferskillend, we ha ús eigen taal, sporten, in protte grien, marren, eilannen en bosken. We binne as Fryslân hiel ûnderskiedend. Yn dat opsicht binne wy in sterk merk en dat kinst unyk neame. In protte provinsjes binne der mar wat jaloersk op yn Nederlân. In protte minsken binne bliid mei wêr’t se wenje en berne binne. En minsken gean faaks dochs werom nei wêr’t se opgroeit binne. At je in Fries tsjinkomme dan ha je gelyk kontakt mei inoar, je hawwe in bân mei elkoar!’

Tekst: Hendrik Tamsma & Lysbeth Andela (stavering)
Foto: Jan Wiebe Visser