13 juli 2021

Efkes foarstelle: Pieter van der Werff

Pieter van der Werff (68) is nij bestjoerslid fan Doarpswurk. In organisaasje dy’t net frjemd foar him is. Hij wie nammentlik in skoftke waarnimmend direkteur fan foargonger Feriening Lytse Doarpen (FLD). Wurkje oan projekten tekent syn wurksume libben.

Nei syn stúdzje oan de PA (no Pabo) kaam er yn it lân- en túnbou-ûnderwijs telâne. Fan 1990 oant syn pensjoen wie hy direkteur fan de projektenôfdieling fan AOC Friesland, letter it Nordwin College. Hij hold him dwaande mei projekten op it mêd fan lân- en túnbou, mar ek mei bredere plattelânsprojekten. Sa stie hij mei oan de basis fan Op Paad, it projekt dat rûn de iuwwikseling Fryske doarpen stipe om op ynternet te kommen en dat kompjûterkursussen foar doarpen fersoarge.

Van der Werff is ek lang polityk aktyf west: 16 jier yn de gemeenteried fan It Bildt en 8 jier yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Hij wennet op Martenastate yn Koarnjum en is dêr ûnder oare frijwilliger by it túnûnderhâld fan Martenastate, op de camping en as doarpsgids.

Wêrom Doarpswurk?

‘Ik ha altyd sjoen nei mooglikheden wat minsken dwaan kinne en wat se sels oppakke kinne.  Yn myn wurk mei studinten, mar ek as gemeentebestjoerder en as frijwilliger yn it doarp. Dat docht Doarpswurk ek. Ik seach de fakatuere fan Doarpswurk en bin fan út myn ferline bekend mei de organisaasje. Ik gean net sizzen hoe’t it moat, mar fyn it moai om mei te tinken oer takomstige projekten.’

Wat sjogge jo as spearpunt foar de kommende tiid?

‘As bestjoer sitte we op de eftergrûn, mar we fiele ús fansels wol belutsen en tinke mei. Doarpswurk kin tink ik noch mear nei bûten sjen en sels mear it inisjatyf nimme. Soms allinnich, soms ek yn gearwurking met organisaasjes as Keunstwurk en Sport Fryslân. Doarpswurk is yn sokke prosessen dan foaral de begelieder. Hoe nimst in doarp mei yn in trajekt en hoe jout in projekt mear wearde foar in doarp, dat kin Doarpswurk.’

Wêr stiet Doarpswurk oer 5 jier?

‘Oer 5 jier is Doarpswurk in organisaasje dy’t sjocht nei mooglikheden en dy’t de gearwurking socht hat mei oare organisaasjes. Ik stean net negatyf tsjinoer in fúzje, mar it moat wol doel ha. Moast net fusearje om kosten te besparjen, mar moast foaral sjen wat de mearwearde fan sa’n fúzje is.’

‘Yn de hiele mienskip sjochst oan de iene kant in ûntwikkeling nei gruttere organisaasjes, lyk as gemeenten, en oan de oare kant nei mear ‘zelfredzaamheid’ fan doarpen. Ik hâld dêr wol fan: watst yn in doarp regelje kinst, moast oan in doarp oerlitte. Yn alle doarpen sitte wol aktive minsken. Sjoch mar nei de enerzjy- en voedselkoöperaasjes. In goeie begelieding is dan wol hiel wichtich en dêr is Doarpswurk foar.’

Wat makket Fryske doarpen sa bysûnder?

‘Yn Fryslân hast de measte lytse doarpen en dêr hast noch it mienskipsgefoel. It gefoel fan ‘we moatte it meiïnoar rêde’ is yn hast alle doarpen noch wol oanwêzich. It is wol wichtich dat sa’n doarp net yn it ferline hingjen bliuwt, mar iepen stiet foar nije dingen. Sa as bygelyks de groei fan it toerisme. Wat betsjut dat foar doarpen en hoe kinst dêr as doarp op ynspylje? Yn Koarnjum bin ik ien fan de doarpsgidsen. We fertelle minsken oer Martenstate, it doarp en de omjouwing. Dan komt de ûnderwiisman wer yn my boppe; it is prachtich om te dwaan.’

‘Yn de doarpen kinne de minsken elkoar en binne de lyntsjes koart. In protte minsken wolle ek wol wat dwaan. Mar dan moat harren wol de gelegenheid jûn wurde. Minsken wolle net mear foar langere tiid yn in bestjoer, mar wol op in oare wize aktyf wêze en har kennis en kunde ynbringe. Dan moast oare konstruksjes betinke. Der is safolle kennis yn in doarp. Ek bij de nije ynwenners, dy moast foaral net ferjitte en der by belûke.’

 

Tekst & foto: Ida Hylkema