28 mei 2021

Fierljeppe yn eigen doarp mei in doarpsskâns

Frysk Ljeppers Boun en Doarpswurk wolle doarpen de gelegenheid jaan har oan te melden as belangstellende foar in fierljepskâns yn eigen doarp. Dêrmei kin in oantreklike nije foarsjenning foar de eigen ynwenners ta stân komme.

Fierljeppen heart by Fryslân. Boeren sprongen mei in polsstok oer de sleatten om makliker fan it iene stik lân op it oare komme te kinnen. Ek de aaisikers gongen en geane mei de polsstok it lân yn. Fanút dy tradysjes is it fierljeppen as in selsstanniche sport ûntstien.

Op 6 plakken yn Fryslân binne der no fierljepferienings mei in profesjonele fierljepakkommodaasje. Sa’n fierljepakkommodaasje bestiet út 3 skânsen, in wetterpartij en in sânbêd op de oare kant. Derneist binne der ien of mear lytsere skânsen foar bern en jongeren.

Fierljeppe as sport
De fierljepsport hat him ûntwikkele ta in folweardige, dynamyske en atletyske sport. Noch hieltyd wurde ferbetteringen oanbracht yn akkommodaasjes, materiaal en springtechniken. Dat bliuwt ek lieden ta nije rekôrs. Dêrmei is in fierljeppen ek in oansprekkende sport foar bern en jongeren. Wy sjogge dat werom yn de tanimmende belangstelling foar de fierljepsport. Der binne op dit stuit yn twa plakken ek nije inisjativen foar folweardige akkommodaasjes geande.
Neist it aktyf beoefenjen fan it fierljeppen is it fansels ek in prachtige “kijksport”. In protte minsken geane nei de wedstriden, dy’t yn in simmerseizoen plakfine, en folgje de kompetysje.
Mar fierljeppen kin ek op ienfâldige wize dien wurde: gewoan mei in polsstok oer wetter springe. Dat is in belevenis op himsels en is spannend. Wurdt de oare kant helle of eindigt de sprong mei in plons yn it wetter? It jout ek in protte wille oan dielnimmers en taskôgers.

De doarpsskâns
Sa is it idee ûntstien foar in doarpsskâns. Op in plak yn it doarp wurdt in beskieden wetterpartij makke met ien skâns en in sânbêd. Dat kin frij ienfâldoch mei net al te folle kosten. It kin oanlein wurde by in sportpark, mar ek yn in parkje of by in boartersplak. Mooglik kin it ek by de doarpsfeart as dy der is.
It kin altyd brûkt wurde: nei skoaltiid foar de bern mar ek troch folwûchsenen. Allinnich of mei oaren. Der kinne wedstriidsjes hâlden wurde, it kin ek brûkt wurde foar gymnastiekles. Wat men ek mar wol. It is een aktive tiidsbesteging en it draacht by oan de moeting fan minsken en sosjale bining.

Fansels moat der wol wat regele wurde oer it behear. Dat soe in feriening foar Doarpsbelang wêze kinne. Ek moat der in adres wêze dêr’t de polsstok helle en brocht wurde kin.
Mei in doarpsskâns krijt it doarp der dus in moaie foarsjenning by en kin it de mienskip fersterkje. It kin der ek ta liede dat bern fierljeppe as sport dwaan wolle en lid wurde fan in feriening. Dat soe mooi wêze, mar is net it earste doel.

Wy krije fan in soad kanten stipe foar it idee fan doarpsskânsen. Bygelyks fan Doarpswurk. Ek de provinsje sjocht dit alhiel sitten. En wol yn prinsipe oan de oanlis meibetelje mei bydragen út it Iepen Mienskipsfûns.
Frysk Fierljep Boun wol stypje mei (technysk) advys oer oanlis, finansiering en behear. De FLB is ek ree om trainingen en demonstraasjes te fersoargjen.

Oanmelde
Doarpen dy’t belangstelling ha foar in doarpsskâns of mear witte wolle kinne dit trochjaan mei in mail oan info@fierljeppen.nl. Der wurdt dan kontakt opnaam foar oerlis. Mooglik wurdt der ek in mienskiplike gearkomste hâlden. Kontaktpersoan FLB foar neiere ynformaasje foarôf: Teije Dijk  06-53915058

Sjoch ek op de webside fan de Frysk Ljeppers Boun

Tekst & foto: Frysk Fierljeppers Boun