7 april 2022

It Fryske boek, doar oan doar

De Sutelaksje, dat is in moaie finansjele ynstruier foar jim doarpshûs of feriening! Mear as 50 doarpen yn Fryslân dogge al mei!

 

Bring it Fryske boek doar oan doar

Foar it Fryske boek en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.

Wille foar en mei de hiele klup

“De Sutelaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”

Meidwaan?

De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De Sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning (in pear oerkes sutelje) de klupkas te spekken. 25% fan de omset is foar jim klupkas!

Meld dy oan fia de webside www.sutelaksje.nl of nim kontakt op mei Ferdinand de Jong, koördinator Sutelaksjes
Fia f.jong479@upcmail.nl & 06-23408605