5 juni 2023

OF: Enerzjykompensaasje foar ferienings is gjin oplossing op lange termyn

Sportferienings en oare maatskiplike organisaasjes krije fan gemeenten wer alle help om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden. Se ha noch hieltyd lêst fan de hege enerzjyprizen. Noardeast-Fryslân makke juster bygelyks bekend dêr 7 ton foar út te lûken, oare gemeenten ha ek jild beskikber steld.

By Sport Fryslân en Doarpswurk binne se bliid mei de finansjele stipe. It bliuwt lykwols symptoombestriding, seit Allard Donker fan Sport Fryslân: “Hieltyd pleisters plakke helpt net. Je kin der better foar soargje dat gebouwen ferduorsume wurde.”

Koartetermynoplossing

Theo Andreae fan Doarpswurk is it dêr mei iens: “Lit my helder wêze dat we hiel bliid binne mei de stipe fan de gemeenten. Mar it is al in oplossing op koarte termyn. Wolle we dat dwaan, dan moatte je ynvestearje yn ferduorsuming oars steane se oer in jier, twa jier wer op de stoepe om’t se jildneed ha.”

Likegoed Doarpswurk as Sport Fryslân helpt ferienings mei de navigaasje troch it wâld fan regelingen. Se soenen it leafst sjen dat alle gemeenten ien regeling treffe. Andreae: “De iene gemeente hat ek mear jild as de oare fansels. Mar der binne 18 gemeenten en eltsenien docht it nei eigen ynsjoch.” Neffens Donker hat de gemeente Noardeast-Fryslân it reedlik goed regele foar ferienings: “Ast dêr foldochst oan de easken en ferduorsumest, dan kinst de faktuer ynstjoere en krigest in bedrach werom. Dêr ha se it hiel maklik makke.”

De gemeente Noardeast-Fryslân stelt 700.000 euro beskikber om maatskiplike organisaasjes te kompensearjen foar hege enerzjykosten. Der komt ekstra jild foar beskikber fan it Ryk.
In soad sportferienings en doarpshuzen hawwe earder subsydzje oanfrege en binne oan de slach gien mei it duorsumer meitsjen fan de akkommodaasjes. De pot wurdt no dus oanfolle sadat noch mear organisaasjes oan de slach kinne mei ferduorsuming.

It moat ek maklik wêze, fine se by Doarpswurk. Sy sjogge dat in soad ferienings ôfheakje as regels yngewikkeld binne. “Dat freget in soad tiid fan frijwilligers. Dat ha se net altyd.” Donker fan Sport Fryslân kent it byld: “By grutte ferienings is soks nea echt in probleem. It sit mear by de lytsere. Dy binne nei binnen keard en ha al genôch muoite de saak draaiende te hâlden. Dy ha krekt dizze help en jild hurd nedich.”

Rol provinsje

Ien fan de fûnsen dêr’t gebrûk fan makke wurde kin, is it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje. Mar net eltse maatskiplike organisaasjes komt dêrfoar yn oanmerking, sa seit Andreae. “Je moatte beskikke oer in slutende begrutting. Dat slagget net eltse feriening.” Hy sjocht dan ek leaver dat de provinsje ferienings of organisaasjes op in oare wize stipet: “Bygelyks troch in rinteleaze liening wei te jaan. De rinte kin dan betelle wurde út de opbringsten fan Wynpark Fryslân.” De provinsje is oandielhâlder fan dat park.

Tekst: Hayo Bootsma foar Omrop Fryslân (2 juny 2023)
Foto Theo Andreae – Doarpswurk