18 juli 2023

OF: Lytse festivals suchtsje ûnder regeldruk

“In muorre fan regels en it entûsjasme ebbet fuort”

Lytse eveneminten yn Fryslân lije hieltyd faker ûnder útdijende regeljouwing. Fersekeringskwestjes en fergunningen smite geregeld blokkades op foar de organisaasjes. “In aardich idee foar it doarp, liedt hieltyd faker ta ferfelend, taai wurk.”

Mooglik in werkenber tafriel: by it heljen fan noch in pitcher bier, in pinne liene fan de barman, om dêrnei tegearre mei kammeraten de efterkant fan in bierfiltsje fol te kalkjen mei de wyldste plannen. Nei lang ideeën ôffjurje is oan de stamtafel de kym lein foar in nij doarpsevenemint. Tsjoch.

It blykt tsjintwurdich foaral in romantysk plaatsje út ferfleine tiden. Want by it opsetten fan lytsskalige eveneminten wachtet organisaasjes fan no in wrakseling mei regels en papierwurk.
Boppedat falle kosten yn in soad gefallen (te) heech út. Sa giet der dit jier in streek troch de optochten yn De Pein, Tytsjerk en De Himrik. Troch oanskerpe regels is it evenemint net mear te fersekerjen foar de feestkommisje. Elke wein soe foar minimaal 250 euro fersekere wurde moatte. Dat finansjele obstakel koe de organisaasje net nimme.

Pleitsje foar minder regels

“De regeldruk is door de jaren flink toegenomen”, seit Riejanne Bouma fan Doarpswurk, dat de leefberens fan de lokale mienskip helpt te fersterkjen.
“Je ziet bij steeds meer besturen een terugtrekkende beweging vanwege de zaken die er nu bij komen kijken.” Doarpswurk hat by de provinsje dan ek foar minder regels pleite. “Je moet zorgen voor EHBO, dranghekken, veiligheid, geluid, enzovoort. Daar komt in bepaalde gevallen een heel vergunningstraject bij kijken. Dat is complex en er gaat veel tijd in zitten. Het zou mooi zijn als dat anders kan”, seit Bouma.

Tsjinop sjen

Frijwilligers wurde sadwaande hieltyd yntinsiver belêste mei wurk dêr’t se tsjinoan sjogge. “Een leuk idee voor het dorp, leidt steeds vaker tot vervelend, taai werk.” Deze hoger wordende drempel zorgt er in sommige gevallen voor dat initiatiefnemers de boot afhouden en het feest niet meer doorgaat.”

“Wat een oplossing kan zijn? Het zou mooi zijn als er een collectieve verzekering komt.” Riejanne Bouma

Wêrom’t it tal regels tanimt, doart Bouma net mei wissichheid te sizzen. Al tinkt se dat it ûnder mear mei eangst te krijen hat. Se nimt de optochten as foarbyld. “Mocht er iets misgaan, dan is alles in ieder geval verzekeringstechnisch afgetimmerd. En dat is natuurlijk ook belangrijk. Alleen kan het werk wat daar achter vandaan komt ten koste gaan van de vrijwilligers”, seit Bouma. “Wat een oplossing kan zijn? Het zou mooi zijn als er een collectieve verzekering komt. Dus dat de provincie er zorg voor draagt en de vrijwilligers zich er niet mee bezig hoeven te houden.”

Bouma hopet dat der feroaring komt yn de situaasje. “Want het is belangrijk dat mensen elkaar kunnen blijven ontmoeten op evenementen. Een festiviteit maakt blij en verbindt bewoners.”

Help út de gemeente wei

Om foar te kommen dat organisaasjes beswike ûnder de regeldruk, hat in tal Fryske gemeenten in evenemintekoördinator yn it libben roppen. Yn Waadhoeke yn de persoan fan Lourenske Steenstra. Sy moat in brêge slaan tusken organisaasjes en oerheid. “In groepke frijwilligers slacht eufoarysk de hannen ynien om wat op te setten yn it doarp. Mar dan rinne se ynienen tsjin in muorre fan regels op, en ebbet it entûsjasme fuort”, fertelt Steenstra. “‘Help!’ Tinke se dan.”

“Ik kan uitleggen welke paden ze moeten bewandelen. Want je ziet door de bomen soms het bos niet meer.”
Riejanne Bouma

Fan ‘e funksje wurdt in soad gebrûk makke. Fan bestjoeren fan doarpsfeesten oant it komitee fan de Berltsumer Mudrun. “By it organisearjen fan sa’n run krije se ynienen mei Natura 2000 te meitsjen, omdat der yn it gebiet mooglik in bysûnder fûgeltsje oan it brieden is.” “Tsja.. Ik kin de regels net feroarje, mar wol útlizze hokker paden sa’n groep bewannelje moat”, seit Steenstra. “Want sjochst somtiiden troch de beammen de bosk net mear.”

Heerlijk Harlingen

Ek Heerlijk Harlingen hat ûnderfining mei it groeiend tal regels. It food festival giet dit jier net troch fanwege in fergunningskwestje én it hege kosteplaatsje. Dat komt mei troch in oanfoljend easkepakket. Sa wurdt der mear frege wat befeiliging oanbelanget. “Je moet nu kunnen opschalen. Dat betekent dat het bureau dat ik in de arm neem extra personen moet leveren als de situatie daarom vraagt”, fertelt Asief William, organisator fan it evenemint. “Maar je weet immers nooit wanneer dat nodig is. Dus laat je die op voorhand maar vast komen. Dan ben je dus meer geld kwijt.”

Guon organisatoaren stroffelje oer de nije miljeuregels. Sa krige ek William te hearren dat der op it evenemint gjin glêzen mear wolkom binne. Yn stee dêrfan komt it bier yn duorsume plestik bekers mei staasjejild. William begrypt it idee derachter, mar wiist ek nei it kosteplaatsje. Hy kin de bekers hiere foar 11 sint de beker, en foar 65 sinten binne se te keap mei bedrukking. Dêrneist moat er se noch earne sjen op te slaan.

De buertbrief

Ta beslút neamt er de buertbrief. Ek wat nijs. Alle organisaasjes binne ferplichte om yn in straal fan 200 meter fan it evenemint brieven te fersprieden, mei dêryn ynformaasje oer it evenemint.
It ôfdrukken en fersprieden kostet sawol tiid as jild. “En om welke huizen gaat het precies?”, freget William him ôf. Hy fynt neamt de betingst ûnbegryplik. “Via de tam tam horen bewoners echt wel dat dat festival er komt. Bovendien is Heerlijk Harlingen er al jaren en jaren. Waar stopt dit?” William wit no al dat er takom jier yntree freegje sil by it festival. Oars hat it gjin takomst. “Het is ontzettend jammer. Ik hoop dat de mensen het begrijpen.”

“We kunnen dan ook concluderen dat het einde van de gratis evenementen langzaam in zicht komt.” Asief William, organisator Heerlijk Harlingen

De ferhege kosten resultearje yn in domino-effekt, leit er út. “Ik kan ervoor kiezen om 100 euro meer van de standhouders te vragen. Maar zij zullen zeggen: ‘prima, maar dan gaat er 2 euro bij de hamburgers op’. Daar hebben de consumenten weer geen trek in, waardoor de omzet van de standhouders daalt”, seit William. “We kunnen dan ook concluderen dat het einde van de gratis evenementen langzaam in zicht komt.”
It liket der dus op dat ambisjeuze bewenners har ek de kommende tiid wol twa kear betinke sille yn it kafee foardat se de bierfiltsjes omdraaie.

Tekst en foto’s oernaam fan Omrop Fryslân