3 november 2023

OF: Provinsje lûkt stipe oan Netwurk Duorsume Doarpen yn

Provinsje lûkt stipe oan Netwurk Duorsume Doarpen yn, mar Doarpswurk wol troch.

Provinsje Fryslân wol de stipe oan it lanlike Netwurk Duorsume Doarpen ynlûke. Stichting Doarpswurk fynt it skande en wol him ynspanne om it netwurk yn de loft te hâlden.

Doarpswurk wol trochgean mei it Netwurk Duorsume Doarpen, ek as de provinsje Fryslân gjin subsydzje mear jout. Direkteur Theo Andreae fan Doarpswurk fertelde dit woansdei oan de provinsjale polityk.

Andreae krige earder dizze wike te hearren dat de provinsje de subsydzje stopset mei yngong fan 1 jannewaris 2024. Doarpswurk krige twa ton it jier foar de aktiviteiten.

It Netwurk bestiet al tolve jier en hat in pear hûndert leden. De oansletten doarpen wikselje foaral in soad kennis en tips út oar saken as akwatermy (wetterwaarmte), doarpsmûnen, enerzjykoöperaasjes en doarpstunen.

Genôch belangstelling

Omdat it Netwurk in soad aktive en entûsjaste leden hat dy’t trochgean wolle, fielt Doarpswurk der neat foar om hjir op koarte termyn de stekker út te lûken. “Ik wol graach troch mei it netwurk, om’t ik tink dat der noch in soad duorsume opjeften lizze. In soad doarpen wolle ek wol troch”, seit Andreae.

It ynlûken fan de subsydzje hat fuortendaalks gefolgen. “Wy binne mei tal fan inisjativen dwaande en ik kin net oer twa moannen sizze: wy hâlde dermei op. Mar it hat wol as gefolch dat wy by nije inisjativen noch tige weromhâldend binne om dy te stypjen. Want je kinne net healwei sizze: sorry, wy kinne jo net mear stypje.”

Andreae jout wol oan dat de provinsje it op in oare wize ynrjochteje wol. “Der moat in ‘enerzjyhûs’ ynrjochte wurde, yn gearwurking mei alle Fryske gemeenten, de provinsje, Wetterskip Fryslân en oare partijen.”

Lanlik en provinsjaal

It netwurk kin foarearst noch foar in part troch. “De Landelijke Vereniging voor Kleine Kernen hat fan de oerheid eksra budzjet krigen. In part dêrfan wurdt ek ynset foar it trochsetten fan it netwurk. Dus de basis is der. Mar wy binne mei oare partijen om te sjen oft wy de finansiering foar 2024 garandearje kinne.”

Hege ferwachtingen fan de provinsje hat Andreae lykwols net mear. “It kolleezje hat in mearderheid, dêr moatte je net nayf yn wêze. Dus stel der soe in moasje komme, dan is it ûnwis oft dy it hellet.”

Tekst en foto (Willem Vermeltfoort): Omrop Fryslân